FryskeSide.nl Paadwizer
|
Ynhâld fan de side
Yn de menu balke boppe yn it skerm steane mooglikheden en fasiliteiten
dy wy jo biede om de tagonklikheid sa heech mooglik te meitsjen. Dizze
binne ranzjearre ûnder acht haadkoppen.
Dizze paadwizer helpt jo om makliker en flugger jo ynformaasje
te finen
|
FryskeSide.nl
Hjir kinne jo ynformaasje fine oer de tsjinsten fan FryskeSide.nl.
Sa is dizze paadwizer der werom te finen, lykas in reaksjeformulier
en algemiene ynformaasje. Ek de FAQ-side is hjir te
finen.
|
Ferwizings
By de opsje Ferwizings kinne jo daliks te plak op de sykside
fan FryskeSide.nl. Sa stiet hjir, ranzjearre op kategory, de
GRUTSTE samling ferwizings nei saken dy bining hawwe mei Fryslân.
Sa fine jo hjir ûnder oaren ferwizings nei bedriuwen, selsstandigers,
winkels, wettersport, ûnderwiis en in soart oare (Fryske) saken.
Wolle jo der ( as bedriuw, feriening, band as wat dan ek) ek by stean?
E-mail
ús dan!
Njonken dizze ferwizings kinne jo hjir ek in grut ferskaat oan siden
fan en oer Fryske stêden, doarpen, gemeenten
en de eilannen fine.
|
Fryslân
Fryslân is in moai lân en is wit ik net hoe faak wol op
byld festset. Hjir fine jo in ferskaat oan foto's en printen
oer Fryslân. Njonken dizze bylden is Fryslân hjir ek sifermjitich
werom te finen.
Mar ek geografyske en histoaryske ynformaasje oer de
provinsje is hjir yn kaart set. Fryslân hat in gruts skiednis
opboud hokker hjir yn grutte linen (1750 foar Kristus oant 1500 nei
Kristus) te finen is, njonken de genealogy fan East-Fryslân
(fanôf it jier 1000). Ek it Frysk Folksliet fine jo hjirre.
En jo kinne se fêst wol; Rienk van der Velde, Ids Postma mar
ek MC. Escher is fan Fryske komôf. Fryslân hat in protte
fan dizze pommeranten fuortbrocht. Hjir in rige fan dizze minsken.
|
Frysk
Foar in grut ferskaat oan Fryske sjongteksten kinne jo ek by
FryskeSide.nl te lâne en wol hjirre. Sawol âlde as hjoeddeiske
muzykteksten steane hjir ranzjearre. Njonken sjongteksten is hjir
ek Fryske Poëzy te finen, lykas oare Fryske literatuer.
Fansels kinne dan ek de Fryske siswizen net ûntbrekke.
As letste is der noch in list mei Fryske Nammen opnommen.
|
Ferdjipping
By ferdjipping dûke wy wat djipper yn de betsjutting fan bepaalde
Fryske saken. Sa is hjir útlis te finen oer it wapen fan
Fryslân, de Fryske flage en it Frysk folksliet.
Njonken dat kinne jo op dizze side te plak foar alderhanne ynformaasje
oer ferskate oare typysk Fryske saken. Sa as sûkerbôle,
fierljeppen, keatsen en oranjekoek, sjoch gau fjirder foar mear...
|
Ferdivedaasje
Stjoer no in digitale Fryske kaart nei bekenden. As wolle jo
Fryske spultsjes spylje as puzelje... it kin allegearre
by FryskeSide.nl! Mar hjir is ek in ferskaat oan (Fryske) software
te finen en Frykse tillefoanlûden foar op jo mobile tillefoan.
Sjoch hjir foar mear ferdivedaasje.
|
Ferbining
Us gasteboek is te finen under it kopke Ferbining. Hjir kinne
jo in reaksje efter litte foar oare besikers. Njonken dat is der in
ynteraktyf Frysk foarum opset om oer wichtige (Fryske) saken
te skriuwen mei oare Friezen, al as net om utens. Wolle jo noch flugger
kontakt sykje mei oare Friezen, besykje dan ús praatromte
(chatbox).
Om mei FryskeSide.nl yn kontakt te kommen as ynformaasje troch te
jaan foar dizze side binne der hjir inkele reaksjeformulieren
opnommen.
|
Fjirder sykje
Om flugger ynformaasje te finen op dizze side mar ek op oare (syk)siden
binne hjir ferskate sykmasines te finen.
|