FryskeSide.nl services
 

FryskeSide.nl is in ûnôfhinklike, belangeleaze en NET-kommersjele side mei in ferskaat oan ynformaasje fan en oer Fryslân, syn taal, syn kultuer en alles wat mar mei dizze noardlike provinsje fan Nederlân te krijen hat.

Der wurdt besocht om jo, as besiker, DE Fryske digitale sykside fan Fryslân te bieden. Sa binne der op dit stuit mear as 3900 ferwizingen nei oare siden dy't bining hawwe mei Fryslân by FryskeSide.nl te finen

Njonken dizze ferwizingen kin FryskeSide.nl sjoen wurde as 'portaal' en startside fan Fryslân. FryskeSide.nl kin mei rjocht sizze dat it de jinnige Fryske side op it wrâld-wide-web is mei sa'n grut ferskaat oan ynformaasje oer Fryslân en syn taal.

Mear ynformaasje oer de minsken efter FryskeSide.nl kinne jo krije troch in e-mail te stjoeren nei ynfo@fryskeside.nl. Fansels kinne jo hjir ek oare fragen op- of oanmerkingen en ynformaasje kwyt. In ferwizing oanmelde kin fansels ek. Soks dogge jo troch boppe yn it menu nei it kopke 'ferbining' te gean en dêr op 'ferwizing oanmelde' te klikken.