tebek Tsjettel
<CD: - >

Fersketten Krût
Hegerhân
Ingeltsje Cupido
Lyts gebed
Rabje oer dûmny

 
Fersketten Krût
Dêr rinst dan troch in donkere stêd
De hiele dei al rûn wolst nei bêd
It mjelt dy yn 'e kop om dyn thús komt tichterby
Mar dan rinst dyn eigen doar foarby

Is dit it begjin fan it einde of in nij begjin
Datst har ferlitte sist is dy net nei't sin
Sa rinst mar troch en buien lûke foarby
Oant de sinne trochbrekt dan is se fan my

Want wat se is foar my
Se is myn alles, alles foar my
De wize wêrop se mei my frijt, gûlt en laket
Is alles, alles foar my
Of is't fersketten krût

Heechste berch beklommen yn djipste seeën swommen
Ik ha alles der foar oer om yn in goed boekje te kommen
Ik sil trochsette neat hâld my tsjin
Sa balansearje ik tusken dy en my

Want wat se is foar my
Se is myn alles, alles foar my
De wize wêrop se mei my frijt, gûlt en laket
Is alles, alles foar my
Of is't fersketten krût

Want wat se is foar my
Se is myn alles, alles foar my
De wize wêrop se mei my frijt, gûlt en laket
Is alles, alles foar my
Of is't fersketten krût
Is alles foar my
Is alles foar my
Is alles foar my
Tusken dy en my
Tusken dy en my
boppe
Hegerhân
Under it juk fan hegerhân
Bûgt it folk fan it lân
Se regearje fan 'e heegste troan
Wa't net wol hat it bedoarn

Hast lju dy binne fjistente goed
Te goed foar dizze wrâld
En ek lju dy akseptearje it net
Mar dy meitsje se wol kâld

Se krije dy wol lyts
Oars meitsje se dy wol kâld

De iene is de oare net
Mar is de oare dan de iene wol
Hâld se mar ris in spegel foar
Se ha dy sa foar de kar

Se krije dy wol lyts
Oars meitsje se dy wol kâld

Lit dy net alles wiis meitsje
Moast der mar wat om laitsje
De kâlde kak fan hegerhân
Skuort alles út ferbân
Nim it mei in korrel sâlt
Bist net de ienigste op 'e wrâld
boppe
Ingeltsje Cupido
Do dêr yn loft
En ik hjir op 'e grûn
Do ferknalst it eltse kear wer
Wannear 't ik de echte leafde fûn

Oeral wêr't ik hinne gong
Dêr wiest do dan ek
Plakjes dreech om te finen
Dêr wistest do dan ek wer te ferskinen

Do bist de ingel fan de leafde
Mar do bist ek in heale soal
Eartiids brûktest do noch pylk en booch
Mar no it pistoal

Do bist de ingel fan de leafde
Mar do bist ek in heale soal
Eartiids brûktest do noch pylk en booch
Mar no it pistoal


Cupido do gyngst mei dyn tiid mei
Dat is natuerlik noait net wei
Do hellest dysels al hiel wat op 'e lea
Want do sjitst no eltsenien dea

Do bist de ingel fan de leafde
Mar do bist ek in heale soal
Eartiids brûktest do noch pylk en booch
Mar no it pistoal

boppe
Lyts gebed
It wie as wie it yn in dream
Hy waard wekker ûnder in grutte beam
Sinne gong al ûnder It wie al let
Minsken prevelden in lyts gebed

Hy luts em neat net oan fan ien
It wie as wie syn hert fan stien
Eltse dei neat te dwaan
Fan ien ding wie der yn 'e ban

It is as yn in dream
Hy seach emsels al stean
It is as yn in dream
Hy seach emsels al gean

Hy skrok fan emsels dêr by dy beam
Der wie foar him gjin plak om hinne te gean
Der kaam in man yn in swart pak
Eagen gong him iepen, de dea krige net syn gerak

It is as yn in dream
Hy seach emsels al stean
It is as yn in dream
Hy seach emsels al gean

Dus sjochst net om mar foarút
Oars giest gelyk ûnderút
Sjochst net om ...
boppe
Rabje oer dûmny
Hast it al heard wat der geande is
Wat der de rûnde giet
It nijs fljocht troch de buorren
Mar ik wit net wêr it op stiet
Se kletse oer my en se rabje oer dy
De iene seit dit en de oare dat
In skeet wurd in tongerslach
Foar datst it wist leist yn 'e kist

Hast it al heard
Ik bin it no wol sêd
It grypt my oan By de strôt
It lit my net kâld
It grypt my oan By de strôt
It lit my net kâld

Hast it al heard dat dûmny betrape is
mei in frjemd frommes yn bêd
Tsjin wil en dank is hy oan 'e drank
Hy hat gjin sint mear op 'e bank
Sa giet it praat oer my It praat oer dy
Mar lústerje is der net mear by
De iene seit dit de oare dat
Wat is der no einliks bard!

Hast it al heard
Ik bin it no wol sêd
It grypt my oan By de strôt
It lit my net kâld
It grypt my oan By de strôt
It lit my net kâld

Hast it al heard
Ik bin it no wol sêd
It grypt my oan By de strôt
It lit my net kâld
It grypt my oan By de strôt
It lit my net kâld
boppe
tebek - terug   tebek