| tebek |
Simmertime |
| <CD
1: - Simmertime> |
Alle
tiid
Baseballcap International
Greideroas
Boerebûterfeart nei Omsk
Eltse grins foarby
Simmer 2000 liet
Dûnsje mei dy
Oantinken
Paradys by it dashboardljocht
Hert fan myn gefoel
Man en lân
In nije dei
Oer 2000 jier |
| <CD
2: - Simmertime> |
Ik
ha dy leaf
Pake syn wein
Wa 't ik bin
Jongfolk ha wille
Yn myn tinzen
Knoopkes
Wat is leafde
De swâlker
It paad werom
De bugel fan looft den Heer
Simmer 2000 liet |
| |
Alle
Tiid
By de Slachtedyk as yn 'e Wâlden
Op 'e Klaai of 't Japikspaad
Wy bin der yn de simmer fan dit jier
Wy gean op stap mei al ús maten
Fan it Klif tot oan it Waad
Want it brûst hjir fan de wille en fertier
Want wy kin ús frij bewege troch it fjild en oer de wei
Oer it wetter nei de mar en eltse feart
Wy dogge no't it simmer is mei alle feesten mei
Fan Fryske Peallen, Harns en Holwert tot oan Sleat
Want wy ha alle tiid (oehoehoe) alle tiid (oehoehoe)
Al wat wy leaf ha is om ús hinne
't Is as de sinne foar ús skynt en wy ha alle tiid
Wy bin fersraad oer hiel de wrâld
Mar fertroud mei dizze grûn
It is mar ien stap oer de grins en elts is thús
Yn it Fean of yn de Fremdte
Wy bin mei elkoar ferbûn
At je no ryk bin af sa earm as in lús
Want wy kin ús frij bewege troch it fjild en oer de wei
Oer it wetter nei de mar en eltse feart
Wy dogge no't it simmer is mei alle feesten mei
Fan Fryske Peallen, Harns en Holwert tot oan Sleat
Want wy ha alle tiid.....
Alle tiid
Want wy ha alle tiid (oehoehoe) alle tiid (oehoehoe)
Alle tiid.....
boppe |
Baseballcap
International
Syb:
Mei de honkbalpet op it âlde honk
It âldershûs dat wonk
Rients:
It klompehok mei fjirtjin pear
Want elk jier twa klompen mear
Maaike:
De line wêrt de wask oan hon
De klyster dyt song
Piter:
It tsjerkfolk yn de sneinske pronk
Mei de honkbalpet op it âlde honk
Allegeare:
Mar alles is fuort, alles is fuort
Allinne de loften binne gelyk as doe
Ik sykje nei de âlde sfear,
k sjoch it ferskil net mear
yn stêd, op doarp of boerespul:
baseballcap international
Maaike:
Mei de honkbalpet op it âlde honk
De jarresleat dyt stonk
Piter:
It turfskip en it skoalleplein
Twa hynders foar in boerewein
Rients:
It dûnsjen op e boppeseal
It ljocht fan de lantearnepeal
Syb:
Dat by de brêge yn t wetter blonk
Mei de honkbalpet op it âlde honk
Allegeare:
En alles is fuort, alles is fuort
Allinne de loften binne gelyk as doe
Ik sykje nei de âlde sfear,
k sjoch it ferskil net mear
yn stêd, op doarp of boerespul:
baseballcap international
Ik sykje nei de âlde sfear
k sjoch it ferskil net mear
yn stêd, op doarp of boerespul:
baseballcap international
boppe |
Greideroas
Blau is de himel bern, dizich de moarn
Blommen űntweitsje, heech stiet it koarn
Wy bliuwe altyd grie, grien as it gers
Do sjongst fol fleur en sin dyn heit syn fers
Foar ivich en altyd grien, grien as it kroas
Sa grien is de leafde, myn greideroas
Hjir yn ús greidelân, hjir yn ús greidelân
Hjir yn ús greidelân
Se meitsje har earm en droech, mei stien en mei stiel
Se grave har terpen ôf, se dolle djip yn har siel
De eachein feroaret hurd, mar se bliuwt nűmer ien
Nearne in lân sa wiid, nearne sa grien
As de rook fan de moaitiid bern, as in skrieske gelyk
Sa sil it bliuwe, myn wjukkelpyk
Hjir yn ús greidelân, hjir yn ús greidelân
Hjir yn ús greidelân
Hjir yn ús greidelân, hjir yn ús greidelân
Hjir yn ús greidelân
As aanst myn tiid komt bern, treurje net lang om my
Ik sil dy ea wer sjen, bliuw altyd tichtby
Myn jiske fertwirre hjir, sit yn elts ljippenęst
Ien mei it fjild, yn ivige rest
Sa grien as it gers hjir is, sa grien is it kroas
Bliuw saoan my tinken, myn greideroas
Hjir yn ús greidelân, hjir yn ús greidelân
Hjir yn ús greidelân
Hjir yn ús greidelân, hjir yn ús greidelân
Hjir yn ús greidelân
Hjir yn ús greidelân, hjir yn ús greidelân
Hjir yn ús greidelân
Hjir yn ús greidelân, hjir yn ús greidelân
Hjir yn ús greidelân
boppe |
Boerebûterfeart
Nei Omsk
Wy ride mei de trioka troch it wite winterwâld
it friest is graad as tritich en it is ferrekte kâld
De hynstehoeven knarse troch de droege farske snie
't Is yn Siberië, dus wat oars as de Dokkumer Ie
Ik
reiz'gje mei ús omke Wassilev út Wolgograd
Dêr't hy in winkeltsje mei wodka, tsiis en bûter hat
Us omke is in slimme sakeman nei myn idee
In troika fol mei boerebûter fan de E.E.G.
Dy bûter, seit ús omke, is yn't Westen fierste djoer
Dus fret men margarine en de bûter dy bliuwt oer
Dêr hat men dus yn Brussel dizze oplossing op fûn:
Wy Russen krij dy bûter foar in dûbeltsje 't healpûn
Bûter, brea, griene tsiis, och it is in grutte griis
Bûter, brea, griene tsiis, man se binne lang net wiis
Wy binn' op reis nei Omsk en omke hat in fleurich sin
Hy sjongt fan Hop hop hynke en Hou er de moed maar in
Mar ûnderwilens wurdt it roerich op'e eftergrûn
En heart men moartsjen en mâlgûlen troch de winterjûn
It is in keppel wolven en se komme tichterby
Us omke set in liet yn fan Hup sûpengrottenbrij
Dan sjonge wy de Wâldsang en ek noch It Heitelân
Mar dêrmei hâlde wy de tastân lang net yn'e hân
It Dokkumer lokaaltsje, Skûtsjesile is ús nocht
En wylst de earste wolf in raam nei omke's skonken docht
Sjong ik fan Rôlje rôlje en ik jou de wolf in hoart
't Is skande, seit ús omke, mar de bûter moat oerboard
Bûter, brea, griene tsiis, och it is in grutte griis
Bûter, brea, griene tsiis, leaver alles kwyt as dea
Dêr ploft it earste skoand're daaske bûter op'e grûn
De wolven fret'as wolven want de wolven binne sûn
Sa binne wy foarlopich oan in wisse dea ûntkaam
Wol no ris brûzj'en siede en It feintsje fan Menaam
De hynders drave pittich, mar wy binn' noch net yn Omsk
Itswit dat stiet ús op'e rêch en dochs binne wy klomsk
En wylst it tsiende daaske bûter foar de wolven ploft
Elts mei graach ris fiskje en De tiid dy hâldt gjin skoft
De bûter rekket op mar omke ropt: ha mar gjin noed
Wy ha noch wol in doaze Pastachoca bearegoed
De wolven frette alles, mar se jouwe har net del
Dêr giet de lêste Braderije en de Halvamel
Bûter, brea, griene tsiis, god wat wurdt ús omke griis
Bûter, brea, griene tsiis, mem ik wol noch lang net dea
Dan binne wy yn Omsk en omke stekt de fûst omheech
Wy binne rêden, ropt er, ek al is de troika leech
Iksels bin fan myn sûp en stút, fan't hynder en oerstjoer
Mar omke Wassilev fersûpt syn allerlêste stoer
Hy sit de hiele nacht mei al syn maten yn't kafé
Se sjonge Ynskje op'e baan en Henkie Kroes olé
Us omke wurdt fansels op't lêst sa dronken as in mûs
Nei dizze wer in frisse, der is bûter by de rûs
Bûter, brea, griene tsiis, noch in kear en altyd priis
Griene tsiis, bûter, brea, Kobus giet nei Appelskea
Bûter, brea, griene tsiis, bûten friest it hynsteiis
Griene tsiis, bûter, brea, mei de boerefaam yn't hea
En no dus de moraal, want dy moat dit ferhaal dochs ha:
Us bûter is te djoer foar d' absolute minima
En wylst de heale wrâld noch altyd op in houtsje fret
Binn' yn Siberië de wolven as in baarch sa fet
Bûter, brea, griene tsiis, beppe hat har rydbewiis
Griene tsiis, bûter, brea, hagelslach en wetterskea
Bûter, brea, griene tsiis, mem har panty yn'e tiis
Griene tsiis, bûter, brea, supertrio Wolvegea
Bûter, brea, griene tsiis, poeiermolke en anys
Griene tsiis, bûter, brea, protters boppe Jobbegea
Bûter, brea, griene tsiis, 'k seach ús omke Sybren niis
Griene tsiis, bûter, brea, sles mei gryp under de lea
Bûter, brea, griene tsiis, ....
wa't noch mear wit krijt in priis
boppe |
Eltse
Grins Foarby
- Syb -
It read beskynt de greiden, de jûn falt oer de mar
Dêr stean se mei har beiden en hy sjocht nochris nei har
Se stean foar harren hutte, fan pôlen, liem en reid
Syn hân leit op har skurte, hy wurdt mei koarten heit
It jier hast fyftjin hûndert, feroare maatskippij
Se lije der net ûnder, se fiele harren frij
Der
is faaks wol wat geande, hy moat soms op oarlochspaad
Mar wêr't se eins foar steane, no dat wurdt er nea gewaar
Dochs ha se neat te kleien en al hawwe se gjin jild
It iten dat se krije is de rykdom fan it fjild
It jier hast fyftjin hûndert, in nije hearskipij
Se bûge der net ûnder, se bliuwe altyd frij
De sinne skynt al ieuwen oer it lân,
Bringt de iere moarn, eltse dei opnij
De wyn hellet noch alle dagen oan
Giet fan lân nei lân, eltse grins foarby
- Piter -
It read beskynt it kampke, de jûn falt oer de stêd
Dêr boartet in lyts famke, noch in skoftsje, aanst op bêd
Se jeuzelt hûndert út, de taal dy't mem har bybrocht
hat
Har heit ropt troch it rút dat se nei binnen komme moat
It jier al wer twa tûzen, Europa dat wurdt nei
It famke sjongt en dûnset en laket dan nei mei
De sinne skynt al ieuwen oer it lân,
Bringt de iere moarn, eltse dei opnij
De wyn hellet noch alle dagen oan
Giet fan lân nei lân, eltse grins foarby
boppe |
Simmer
2000 Liet
Fryslân do libbest, do libbest as in hert,
gjin dei dat ik net even oan dy tink.
Der baarnt in fjoer yn my, in libbenslang ferlet,
dy te rûken, dy te sjen dyn taal te hearren,
myn byld fan dy is noch net skansearre:
dyn wide loften, de sinne oer it waad,
boerepleatsen yn it beammeskaad,
de âlde toer dy`t tolve oere slacht,
de fiere lûden yn`e stille nacht.
Fryslân do libbest, do libbest yn myn hert,
al bin ik fier fan dy, ferjit my net,
Fryslân ferjit my net.
Bin ik werom dan fyn ik op`e taast de paden
As ik werom bin stiet de flagge op`e toer
Bin ik werom dan stiet it fee te pronkjen
As ik werom bin giet dat nijs as diggelfjoer
Bin
ik werom dan sjoch ik al myn âlde freonen
As ik werom bin rint it libben út`e hân
Bin ik werom dan wol ik feesten fiere
As ik werom bin leit it hea wer op it lân
Fryslân do libbest, do libbest yn myn hert,
gjin dei dat ik net even oan dy tink.
Der baarnt in fjoer yn my, in libbenslang ferlet,
dy te rûken, dy te sjen dyn taal te hearren,
myn byld fan dy is noch net skansearre:
dyn wide loften, de sinne oer it waad,
boerepleatsen yn it beammeskaad,
de âlde toer dy`t tolve oere slacht,
de fiere lûden yn`e stille nacht.
Fryslân do libbest, do libbest yn myn hert,
al bin ik fier fan dy, ferjit my net,
Fryslân ferjit my net.
Bin ik werom dan fyn ik op`e taast de paden
As ik werom bin stiet de flagge op`e toer
Bin ik werom dan stiet it fee te pronkjen
As ik werom bin giet dat nijs as diggelfjoer
Bin ik werom dan sjoch ik al myn âlde freonen
As ik werom bin rint it libben út`e hân
Bin ik werom dan wol ik feesten fiere
As ik werom bin leit it hea wer op it lân
boppe |
Dûnsje
Mei Dy
Sis Jitske, sis fanke, skink my nochris yn
Foardat ik wer in nacht yn it tsjuster ferdwyn
Ik kom hjir al salang, do kinst my sa goed
En ik wol net wer allinne nei hûs ta gean hjoed
It is slútingstiid en de kroech is al leech
En wat ik dy freegje is wier net sa dreech
De wrâld fan tsjinwurdich, it giet oan my foarby
Mar dat kin ik ferjitte as ik dûnsje mei dy
Sis
Jitske, myn frijheid dêrfoar doch ik in moard
Mar myn jild smyt ik altyd as wetter oerboard
De bern hjir se sjogge my as in alkoholist
Mar ik focht ek foar har frijheid, ik wie in baas masinist
'k Ha de oarloch oerlibbe, it lok lake my oan
Mar myn maten fan eartiids binn' allegear al ferstoan
Hege piken, djippe deltes, sa gie dat mei my
En lit my no dûnsje, dûnsje mei dy
Sis Jitske ik ha my noait bûn oan in frou
'k Ha 't in pear kear besocht, mar ik wie se net trou
Ik ken elke haven en ik ken elke hoer
En krige ik de kâns, dan die ik it grif oer
Do wolst it net leauwe, mar 'k wie in tûke jong fint
En ik libbe foar de folle twahûndert prosint
Ik libbe sa blier en sa rom en sa frij
Kom lit my no dûnsje, dûnsje mei dy
Sis Jitske, sis fanke, it is om dy dat ik hjir kom
Do list my mar seure en ik praat soms sa dom
Ik wit it wurdt hurd minder mei 't âlde ferstân
Mar draai noch in bandsje en jou my dyn hân
Myn libben hie kleur en it wie lang net min
En om hjir fourt te tarren, dêroan ha 'k gjin sin
Alles wat ik noch ha, o do krijst it fan my
As ik noch ien kear dûnsje, ja dûnsje mei dy
Sis Jitske, sis fanke, skink my nochris yn
Foardat ik foargoed yn it tsjuster ferdwyn
boppe |
Oantinken
Moanne, sjoch omheech nei de moanne
Hear
de stim fan dyn dreamen
Fiel de krêft fan de moarn
Asto ienris de sin fan dyn bêstean wer ferstiest
Kinst de dagen aanst wer oan
Dreame,
'k sil myn libben lang dreame
Fan it tiid yn 't ferline
Och hoe moai wie ik doe
Ferjit ik de dei dat ik gelok noch ferstie
Dat 'k dy tiid ris oerdwaan koe
Moanne
en stjerren sil ferblikke
Skimmen krije kleuren
d' Iere dize is in kleed oer fjilden
En blommen krije geuren
Deiljocht,
'k bin op wei nei it deiljocht
Ut myn dream waard ik wekker
Fan myn jok bin ik frij
Yn it ljocht sil 'k de nacht no as in oantinken sjen
En myn dreamen nim ik mei
Sinne
spried dyn swiete strielen
Wiid út oer de ierde
Al myn twifels bin ferblikke as stjerren
Ferjage troch de sinne
Nea
wer, lit my nea wer alinne
Slach dyn earm om my hinne
Jou dyn leafde oan my
Hâld my fest en dan wisto wat gelok foar my is
Want gelok is tichteby
boppe |
Paradys
By it Dashboardljocht
Syb:
O, ik wit it noch mar al te goed, krekt as barde alles justerjûn
We perkearden by de mar en fierder wie gjin ien dêrby
En ik hie noch nea in faam, nea sa'n moaie faam asto wiest
En alle maten út 'e klasse wiene fêst jeloers op my
En
no fiel ik dy waarme gleone hûd fan dy
En dat gefoel yn myn liif dat is sa frjemd foar my
En wy gloeie as it izer by in smid yn it fjoer
Gloeie as it izer by in smid yn it fjoer
No kom op, hâld dy taai, hé kom op, hâld dy taai
Maaike & Syb:
Al is 't kâld en iensum, wêr 't de leafd 'ús brocht
't Is in wier paradys by it dashboardljocht
Syp & Maaike:
Ik wit net hoe 'k it hie, wêr hie 'k myn gat yn draaid
We wiene amper santjin jier, we wiene amper klaaid
Ik wit net wat der barde en da 'k al dy dingen samar doarde
Ik wit net hoe 'k it hie, wêr hie 'k myn gat yn draaid
We wiene amper santjin jier, we wiene amper klaaid
Syb:
Leave hearst myn hert net slaan of is 't it ritme fan de radio
O wat ha 'k hjir lang op wachte, leave 'k bin sa gek op dy
En ik sil dy wol fertelle, krijst der neffens my gjin spyt fan
Hjir sil w' in grap fan ha, dus slút dyn eagen mar
It falt dy alles ta, dit makkest never nea wer mei
En no fiel ik dy waarme gleone hûd fan dy
En dat gefoel yn myn liif dat is sa frjemd foar my
En wy gloeie as it izer by in smid yn it fjoer
Gloeie as it izer by in smid yn it fjoer
No kom op, hâld dy taai, hé kom op, hâld dy taai
Maaike & Syb:
Al is 't kâld en iensum, wêr 't de leafd 'ús brocht
't Is in wier paradys by it dashboardljocht
Al is 't kâld en iensum, wêr 't de leafd 'ús brocht
paradys by it dashboardljocht
Syb & Maaike
Doch no mar goed dyn best, en ús Memmy Natoer docht de rest
Ik wit net ast it wist: hjir haw' ús gat yn draaid
We wiene amper santjin jier, we wiene amper (klaaid)
We gean der tsjinoan de hiele jûn, ja we gean der tsjinoan want
jûn is de jûn (4x)
- Sportferslach troch Rients -
Maaike
STOP DER MEI, IK WOL IT WITTE NO
Foardat wy fierder geane silst my leaf ha?
Silst my leaf ha foar ivich, hast my nedich?
Silst my nea ferlitte, makkest do my gelokkich, toe fertel it my gau
Nimst my mei wêrsto
Silst my leaf ha, silst my leaf ha foar ivich, hast my nedich
Silst my nea ferlitte, makkest do my gelokkich, toe fertel it my gau
Nimst my mei wêrsto giest en wurd ik letter dyn frou
Ik wol it witte no foardat wy fierder geane: silst my leaf ha
Silst my leaf ha foar ivich
Syb:
Ak de sliep út ha, leave leave, ak de sliep út ha
Ak de sliep út ha, dan jou 'k dy it antwurd yn 'e moarntiid
(3x)
Maaike:
Ik wol it witte: Silst my leaf ha, silst my leaf ha foar ivich,
hast my nedich
Silst my nea ferlitte, makkest do my gelokkich, toe fertel it my gau
Nimst my mei wêrsto giest en wurd ik letter dyn frou
Ik wol it witte no foardat wy fierder geane: silst my leaf ha
Silst my leaf ha foar ivich
Wat wurdt it jonkje, kom op, ik ha 't de hiele nacht oan tiid
Wat wurdt it jonkje, ja of nee
Wat wurdt it jonkje, JA, OF NEE
Syb:
Ak de sliep út ha, leave leave, ak de sliep út ha
Ak de sliep út ha, dan jou 'k dy it antwurd yn 'e moarntiid
Maaike:
Ik wol it witte: silst my leaf ha
Syb:
Ak de sliep út ha
Syb & Maaike
Silst my leaf ha foar ivich, hast my nedich Leave leave
Silst my nea ferlitte, Ak de sliep út ha
Makkest do my gelokkich. Ak de sliep út ha
Toe fertel it my gau, Dan jou 'k dy it antwurd
Nimst my mei wersto giest, wurd yn 'e moarntiid
En wurd ik letter dyn frou
Ik moat it witte no: foardat wy fierder geane ik jou dy it antwurd
Silst my leaf ha, silst my leaf foar ivich, yn 'e moarntiid
Syb: Ak de sliep út ha
Maaike: Silst my leaf ha foar ivich
Syb: Ak de sliep út ha
Maaike: Silst my leaf ha foar ivich
Syb:
O it wie net mear te hâlden WOW sa is 't gien
En mei dit mantsje út 'e Wâlden wie it samar dien
Ik begûn te swarren by hast alles wat my dierber wie
Ik soe dy leaf ha oan 't de ein fan 'e tiid echt wier
Ik soe dy leaf ha oan 't de ein fan 'e tiid
No sil ik bidde dat de ein fan 'e tiid
Mar hiel gau komme mei
Want ak hjit no noch langer as in tel by dy bin
Nee dan gean 'k hjir folle leaver noch wei
Ik sil myn wurd wol hâlde en myn plicht wol dwaan
Mar de himel allinnich kin my antwurd jaan
Bidde foar de ein fan de tiid dat dy mar komme mei (mei dei)
Bidde foar de ein fan de tiid wêr is de ein fan myn tiid mei
dy
It wie lang ferlyn en it wie sa foarby
Mar it wie hiel wat better as hjoed de dei (2x)
Maaike:
En it wie nea sa goed en it kin nea wer oer
Mar ja we gloeiden as it izer by in smid yn it fjoer (-troch Syb hinne-)
boppe |
Hert
Fan Myn Gefoel
De kontoeren yn it lân bin feroare troch
de tiid
It is dizich oer it fjild en ik wit my sels gjin ried
Yn it doalhôf fan emoasjes giet de tiid oan my foarby
Ik rin oer d' âlde paeden wêr 't ik eartiids rûn
mei dy
De
hynders yn it fjild, de moune op 'e dyk
Se binne der net mear, it is net mear gelyk
Ik sjoch wer âlde bylden mar noosto der net mear bist
Is der in grutte leechte, ik fiet in grut gemis
It liket krekt dat 'k dy wer heare kin
It liket krekt dat 'k yn 't ferline bin
Yn it hert fan myn gefoel sil ik dy nea ferjitte
Yn it hert fan myn gefoel bisto by my
Ik tink werom en ik woe dat ik wer mei dy laitsje koe
Fanôf de earste dei
De wurden út dyn brief stean yn myn holle skreaun
Ik doarmje troch de jierren neat haw ik ferdreaun
't Is as de wyn my wjukken jout, my oan dy tinken docht
dan sjoch ik nei de loft, tusken de wolken wurd it ljocht
It liket krekt dat 'k dy wer heare kin
It liket krekt dat 'k yn 't ferline bin
Yn it hert fan myn gefoel sil ik dy nea ferjitte
Yn it hert fan myn gefoel bisto by my
Ik tink werom en ik woe dat ik wer mei dy laitsje koe
Fanôf de earste dei
Soe ik myn fertriet nei de himel roppe wolle
Om dy werom te krijen neat is my te folle
Yn it hert fan myn gefoel sil ik dy nea ferjitte
Yn it hert fan myn gefoel bisto by my
Ik tink werom en ik woe dat ik wer mei dy laitsje koe
Fanôf de earste dei
boppe |
Man
en Lân
Syb:
Jo krije 'n man wol út in lân, jo krije 'n lân
net út in man
Wêr hat sa 'n heitelân dat einliks oan fertsjinne
It spuit syn ergenamen út, it jout syn bern in skop en slút
De doarpen foar dy 't gjin droech brea fertsjinje kinne
Rients:
Sjoch ik se stean yn Rotterdam, Marino, Ali of Acham
Mei tryste brune eagen yn it kâld klimaat
Dan tink ik sa stie omke Tsjip destiids op 't emigranteskip
Op wei nei in godferlitten leechte op 'e kaart
Beide:
En noch stekt elk syn eigen heitelân dochs altyd wer omheech
En de ellinde wurdt fergetten en ferjûn
Al wie it destiids earmoed troef, men sjocht mei triennen yn it each
De âlde swiete lieten fan syn bertegrûn
Al hie dy bertegrûn gjin bliksem oan te bieden
Al kaam de leafde fan ien kant, de dream wie ivich en konstant
En dat gefoel is yn gjin oare baan te lieden
Syb:
Want yn har gastarbeidersflat besjonge Sem en Mohammed
De gouden loft oer Bosporus en Dardanellen
Al wie de earmoed dêr har jok en binn' de dagen fan gelok
Ek maklik op de fingers fan ien hân te tellen
Rients:
En Friezen fier yn Kanada, dy 't it as wyn en druven ha
En einliks net nei the old country werom ta wolle
Sitte by sûkerbôle gear en oer de dagen fan alear
Is der gjin moai ferhaal of sentimint te folle
Beide:
It is by heech en leech de âlde leafde dy 't wer boppe driuwt
En sels de krisisjierren wurde romantyk
Al leit de wierheid even oars, 't is nuver mar men bliuwt
In libben lang ûnwennich fan in âlde kyk
Wat ek de wrange redens foar de skieding binne
Jo krije 'n man wol út in lân, jo krije 'n lân
net út in man
Wêr hat sa 'n heitelân dat einliks oan fertsjinne?
boppe |
In
Nije Dei
De nacht is foarby, de sinne is frij omheech
te gean
Aanst wurdt it dei, de moarn is te nij om stil te stean
It libben wy wrang, it wachtsjen te lang
Mar 't nimt in kear
Wês mar net bang, nea wer bang, it hoecht net mear
Der
sil gjin dei begjinne dat ik net by dy bin
Gjin oerwurk foar ús rinne sûnder sin
Jou my dyn hân, jou my dyn hert
Asto it doarst mei my
Hjir is myn hân, hjir is myn hert
'k Jou myn bêstean oan dy
Lang wie it kâld en tsjuster
Aanst komt de dei, fynt it ljocht syn wei
Yn in nije dei
'k Kaam net út' e rie, it paed dat ik gie it wie sûnder
ein
De tiid dy't der wie, it hert dat ik hie it wie fersein
'k Ha my oan dy jûn, mysels yn dy fûn, 'k begjin opnij
Want de leafde hat wûn, twa minsken bûn, mar fûgelfrij
Der sil gjin dei begjinne, dat ik net by dy bin
Gjin oerwurk foar ús rinne, sûnder sin
Jou my dyn hân, jou my dyn hert
Asto it doarst mei my
Hjir is myn hân, hjir is myn hert
'k Jou myn bêstean oan dy
Lang wie it kâld en tsjuster
Aanst komt de dei, fynt it ljocht syn wei
Yn in nije dei
boppe |
Oer
2000 Jier
Piter:
Simmer 2000, safolle minsken
Ien fan komôf, ien yn de taal
Rients:
Friezen út alle lannen
Nimmen gelyk, elk syn ferhaal
Maaike:
'k Seach in omke út Nij Seelân
En myn nichtsje út Kanada
Syb:
Wêr 't wy op 'e wrâld ek wiene
Elkenien kaam nei Fryslân ta
Allegeare:
Oer 2000 jier is dit folk noch altiten ien
Wurdt ús taal noch altyd ferstien
Is it mei dy Friezen noch lang net dien
Wie ik it leafst wer nei Fryslân ta gien
Piter:
Bin it de terpen mei de tsjerken
Dy 't je allinnich hjir fine kin
Rients:
Bin it de wolken yn de loft
Sûnder ein, sûnder begjin
Maaike:
Is it de beamwâl fan de wâlden
Wêr 't ik hieltyd mear fan hâld
Syb:
Is it it fiersicht fan de klaai
Wêr 't men foar weromkomt fanut de hiele wrâld
Allegeare:
Oer 2000 jier is dit folk noch altiten ien
Wurdt ús taal noch altyd ferstien
Is it mei dy Friezen noch lang net dien
Wie ik it leafst wer nei Fryslân ta gien
Oer 2000 jier wurde hjir fest wer toanielstikjes dien
Falt der fan emoasje noch wolris in trien
Binne de greiden noch altiten grien
Stiet ús Folksliet miskien nûmer ien
Hien' Rients, Piter, Maaik' en de Kast hjir graach stien
Wiene wy 't leafst wer nei Fryslân ta gien
boppe |
| CD
2 |
Ik
Ha Dy Leaf
Ik wit net asto sist te wachtsjen op in freonlik
wurd fan my
As is dy oprop yn myn gedachten dan wurd ik sa bliid fan dy
Ik fiel it as ik dy foarby rin, as ik dy sjoch, dyn stim wer hear
It sit yn hûndert-tûzen flinters dy't swiet sweve troch
myn lea
Ik haw dy leaf myn hiele libben is folle mear as hâlden fan
't Is krekt of asto yn myn bloed sitst en ik kin der neat tsjin dwaan
Dyn moaie eagen lykje marren, ik kin der sa yn ûndergean
It is in bjusterbaarlik barren, ik krij ir ek fan Hearrefean
'k Ha dy leaf, 'k ha dy leaf, 'k ha dy leaf, wat moat ik sunder dy
't Bin mar fjouwer lytse wurdsjes en al makket ús dat soms
wat bang
'k Haw dy leaf wol alve stêden lang
Ik fiel it moarns asto wer opstiest, ik sjoch it yn in simmerske bui
Ik wurd al weak asto ris fuortgiest yn myn allermoaiste trui
It is myn han dy'st samar fêstpakst as wy kuierje lâns
de feart
It komt ek, en dat is no it frjemde, troch soms hielendal neat
'k Ha dy leaf, 'k ha dy leaf, 'k ha dy leaf, wat moat ik sunder dy
't Bin mar fjouwer lytse wurdsjes en al makket ús dat soms
wat bang
'k Haw dy leaf fjirtjin blommenkorso's lang
Ik priuw it as ik dy in tút jou of asto lakest út alle
macht
Ik sjoch it as der wer in stjer falt nei it frijen yn de nacht
It is dy tinteling, dat bryske en dêrom bisto by my
As ik dy rinnen sjoch dan tink ik: dêr giet in ingeltsje foarby
'k Ha dy leaf, 'k ha dy leaf, 'k ha dy leaf, wat moat ik sunder dy
't Bin mar fjouwer lytse wurdsjes en al makket ús dat soms
wat bang
'k Haw dy leaf twa en tweintig skûtsjes lang
Ik sjoch twa âlde misnken, hân yn hân by de PC
't Is ien fan myn grutste winsken, 'k ha dy leaf ek nei de Aow
'k Ha dy leaf, wat moait ik sûnder dy
' Bin mar fjouwer lytse wurdsjes en al makket ús dat soms wat
bang
'k Ha dy leaf hûnderttsien keatsfjilden lang
'k Ha dy leaf, 'k Ha dy leaf ....
myn hiele libben lang
boppe |
Pake
Syn Wein
Ik seach okkerdeis in foto fan in âld
Dauphine, pake syn wein
En ik tocht by my sels hoe koene wy der ea yn, yn pake syn wein
Ik moat laitsje as ik werom tink oan dy tiid
It wie pake`s earste auto en wat wie er bliid
Hy siet grutsk efter it stjoer mei in grouwe sigaar,
yn pake syn wein, pake syn wein
En oan `e ein fan de rit allegear mislik en raar
yn pake syn wein, pake syn wein
Broer en ik sieten tusken beppe en mem yn
Op `e efterbank, en sy drukten ús hast fyn
Heit lies de kaart en stiet neist pake moai rom
Mei suske op skurte, wy hiene kwalik gong
As it moai waar wie en it wie snein,
dan giene we te riden in hiel ein
Yn pake syn wein, pake syn wein
Beppe stonk nei klonje en heit stonk nei Fresh-up
Yn pake syn wein, pake syn wein
Mar it rútsje mocht net iepen want dan siigde it te bot
Yn pake syn wein, pake syn wein
Mem hie de júns tefoaren broadsjes smard
Dus ite, ite, ite, ja se hold ús koart
Mar wy hien Exota foar de hiele dei
En wy krigen faaks in iisco dus wy woene altyd mei
As it moai waar wie en it wie snein,
dan giene we te riden in hiel ein
Yn pake syn wein, pake syn wein
Wy songen âlde ferskes en wy laken hiel wat ôf
Yn pake syn wein, pake syn wein
Fan Heit syn flauwe grappen krigen wy mar net genôch
Yn pake syn wein, pake syn wein
Om it hoartsje stopje omdat der ien sa noadich moast
Efkes gau yn `e berm mar úteinlik doch net doarst
Mar dan koene dochs de skonken even rjocht
En "plank gas pake" en fierder mei de tocht
As it moai waar wie en it wie snein,
dan giene we te riden in hiel ein
Yn pake syn wein, pake syn wein
Ja it wie doe wol in moaie tiid,
yn pake syn wein, pake syn wein
De simmers wiene lang en Fryslân wiid,
yn pake syn wein, pake syn wein
In hiele dei klam foar in kertierke bosk as strân
Brodzich en gear mar we ha it moai hân
En ik fielde my feilich en as in kening sa ryk
Want ús pake hie in auto op `e dyk
As it moai waar wie en it wie snein,
dan giene we te riden in hiel ein
Yn pake syn wein, pake syn wein
boppe |
Wa't
Ik Bin
Syb:
Koest do net sjen, koest do net oan myn eagen sjen
Dat ik gjin fjoer mear yn my hie
Wêr wie de stim, wêr wie de stim dy 't tsjin my sei
Dat ik myn dream ferjitten wie
En de dagen gienen foarby en ik libbe mei de dei
Want ik hoechde net te witten fan de moarn
Maaike:
Sa ticht by dy, myn hiele libben wie 'k by dy
Dochs wie dyn tinken fier fan my
'k Ha alles jûn, ik ha my oan it lot ferbûn
Wy gienen elts ús eigen wei
Syb & Maaike
Mar by alles wat ik die, wat ik yn myn hannen hie
Feroare blinkend goud yn inkeld sân
Syb:
De dreamen dy 't ik dreamde binne mei de dei ferflein
Lit my frij om no te fleanen, lit my fleane yn 'e rein
Ik iepenje de finsters en fljoch sa fier ik kin
Want ik kin no einlik wêze wa 't ik bin
Syb & Maaike
Mar dy rekken wei, en de tiid dy naam ús mei
En wy hoechden net te wachtsjen op 'e moarn
Syb:
De dreamen dy 't ik dreamde binne mei de dei ferflein
Lit my frij om no te fleanen, lit my fleane yn 'e rein
Ik iepenje de finsters en fljoch sa fier ik kin
Want ik kin no einlik wêze wa 't ik bin
Maaike
De dreamen dy 't ik dreamde binne mei de dei ferflein
Syb & Maaike:
Lit my frij om no te fleanen, lit my fleane yn 'e rein
Ik iepenje de finsters en fljoch sa fier ik kin
Syb:
Want ik kin no einlik wêze wa 't ik bin
Want ik kin no einlik wêze wa 't ik bin
boppe |
Jongfolk
Ha Wille
Ik rûn op in snein mei myn maat yn `e
rein
En wy seinen: wêr sille wy ris hinne
Omdat jo sa sneins by ús yn dat gat
Wol in kûgel troch it doarp jaaie kinne
Dan is it sa saai op `e klaai, och oerdei falt it mei
Dan is elk oan it wurk
Mar sneins is der neat te beleven
En dan is it leven sa droech as in kurk
De toer is sa stomp en noch stommer as stom
yn `e regel dan pak ik myn brommer en brom
Nei it iene of oare feest, yn it iene of oare gat
Want je moatte úteinliks doch wat
En sa gong it ek op dy snein, tsjin myn maat haw ik sein:
Is der neat te fersieren?
Der wie net in harses op `t doarp sa`k al sei
`t Is by ús dan sa dea as de pieren
Ik frege ús heit om `e kaai en wy gongen op wei
En wy sochten ús heil
It reinde dy dei as de sykte
Ik waard op myn brommer sa wiet as in dweil
Wy gongen mar wer foar de lol nei in bal
En ik switte my dea, want it wie dêr sa fol
Earst doe kaam der kabaret, dêrfan hie ik gjin ferlet
En doe hongen wy oan it buffet
En doe kaam it dûnsjen, mar ja om fuortdaliks
Mei in faam op dy flier om te hippen
Dat like ús neat en dus bleauden wy stean
By de taap om in bierke te wippen
En doe, nei in stik of wat glêskes
Doe weagen wy beiden úteinliks in skot
En doe werom nei de taap
Want fan al dat heal wiizjen dan swit je je rot
En doe kaam de foxrot-finale al gau
En doe setten myn maat en iksels mar wer ôf
En doe spile it muzyk, op fersyk fan it publyk
Noch ien kear foar dy switterige klyk
Noch ien kear foar dy switterige klyk
Noch ien kear foar dy switterige klyk
boppe |
Yn
Myn Tinzen
ik rin ûnder de beammen yn it bosk
de kâlde drippen die falle op myn hûd
ik dûnsje as in bern
yn it farske griene moas
en de fûgels fleane op en jouwe lûd
en lâns de poddestuollen
ferfolgje ik myn reis
as in flinter yn de loft
sa bin ik altyd ûnderweis
yn de wyn hear ik dyn stim
yn alles wat ik sjoch kin ik dy sjen
fier oer de grinzen djip yn myn tinzen
hâldt ik fan dy do bist de wei
en jûn bist do by my
ik sjong want út myn hert bist do nea
do jouwst my krêft yn dizze wylde wrâld
de leafde die 't ik fiel
hâldt ik tot oan myn dea
en yn myn dreamen wurde wy tegearre âld
de leafde is in wûnder
sjoch mar wat it docht
nea kin ik mear sûnder
do bist myn gelok en myn ljocht
yn de wyn hear ik dyn stim
yn alles wat ik sjoch kin ik dy sjen
fier oer de grinzen djip yn myn tinzen
hâldt ik fan dy do bist de wei
en jûn bist do by my
fier oer de grinzen djip yn myn tinzen
hâldt ik fan dy do bist de wei
en jûn bist do by my
yn de wyn hear ik dyn stim
yn alles wat ik sjoch kin ik dy sjen
fier oer de grinzen djip yn myn tinzen
hâldt ik fan dy do bist de wei
en jûn bist do by my
boppe |
Knoopkes
Fjirtjin wiene wy as fyftjin, âlder ha
wy grif net west
Do wiest by jim omke en muoike, ik wit it allegear nog best
It wie simmer en do fytstest hieltyd ús hûs foarby
Ik siet yn `e tún en lake om dat healwiis gewiuw fan dy
Hiest in bloeske oan mei knoopkes,
fyftjin knoopkes lyts en blau
Knoopke ien, ferlegen prebearre ik wat út
Knoopke twa, do joechst my samar in tút
Knoopke trije, ik hie it súver hast net mear
Mar by it fjirde moast ik wachtsje oan `t de oare kear
Hiest in bloeske oan mei knoopkes,
fyftjin knoopkes lyts en blau
Jûns dan wiene wy tegearre, wat wie it spannend elke kear
Stikum stadich justjes fierder, elke jûn in knoopke mear
En ik fielde my sa lokkich, ik wie sa wiis my dy
Ik liet dy mar wat piele en de tiid dy fleach foarby
Hiest in bloeske oan mei knoopkes,
fyftjin knoopkes lyts en blau
Knoopke fiif, foarsichtich naamsto de tried wer op
Knoopke seis, do wiest myn eigen leave pop
Knoopke sân, ik hie it súver hast net mear
Mar by it achtste moast ik wachtsje oan`t de oare kear
Hiest in bloeske oan mei knoopkes,
fyftjin knoopkes lyts en blau
Hiest in bloeske oan mei knoopkes,
fyftjin knoopkes lyts en blau
Oare famkes drage.....as in himd mei elastyk
Mar dat kin my net bekoarre, knoopkes ha mear romantyk
Doe `t ús omke ús trapearre wie ús avontoer foarby
Tolve fan de fyftjin Fierder bin `k net kaam by dy
Hiest in bloeske oan mei knoopkes,
fyftjin knoopkes lyts en blau
Knoopke njoggen, ik aaide eefkes troch dyn hier
Knoopke tsien, noch nea gie ik safier
Knoopke alve, ik hie it súver hast net mear
Mar nei `t tolfde kaam der nooit mear in oare kear
Hiest in bloeske oan mei knoopkes,
fyftjin knoopkes lyts en blau
Hiest in bloeske oan mei knoopkes,
fyftjin knoopkes lyts en blau
boppe |
Wat
is Leafde
Wat is leafde foar jins bertegrûn, in
beaken yn'e tiid?
Is `t in ljocht yn tsjust're dagen, in hâldfest yn soarch en
striid?
Of is 't in sêfte pine dy `t nimmen ea ferdriuwt?
It byld fan `t âlde hûs dat altyd bliuwt
Is dy leafde faaks in finster, in nea ferlerne doar?
Dy 't noch altyd foar jo iepenstean, oan'e ein fan 't lange spoar?
Foar elk dy 't soms himsels ferliest op fier en frjemde grûn
In bân mei 't plakje dêr 't de reis begûn
In leafde dy 't gjin freugde jout by sinne op jo wei
Dy 't waarmte oer jins tinzen spriedt oan' ein fan elke dei
Of swiete treast as 't lok ferkeart yn tsjinslach en ferdriet
It dreamen fan in wei werom dy 't jimmeroan bestiet
Is de leafde foar jins bertegrûn in beam dy 't altyd bloeit?
Is 't de sinne oan in fiere kym dy 't yn de jûntiid gloeit?
In foto fan in simmerdei op klaaigrûn of yn 't wâld
Dy 't troch de tiid syn kleur en waarmte hâldt?
Hat it mei wierheid út te stean of wol men it sa sjen?
Sjocht elke swalker wer werom mei d'eagen fan in bern?
Wat is leafde foar jins bertegrûn, in beaken yn'e tiid?
Is 't in ljocht yn tsjust're dagen, in hâldfest yn soarch en
striid?
Of is 't in sêfte pine?
Hoe 't men it ek beskriuwt
't Is de leafde dy 't in minskenlibben bliuwt
boppe |
De
Swâlker
Al as in jonkje fan in jier as tsien gie hy
syn eigen gong
Wat him net sinde dêr gie hy tsjin yn, al wie hy noch sa jong
Doe't hy in jier as fjouwer âlder wie en it libben yn 'e gaten
krig'
Doe wist hy wat hy letter woe, hy dreamde doe al fan it avontoer
En no't hy dan folwoeksen is sit hy oan nimmen fêst
En al sit hy faaks ek wolris mis, hy is gjin ien ta lêst
Hy wol him net bine oan in plak of lân, hy strúnt it
leafst de ierde rûn
Om alles fan de wrâld te sjen want yn eltse stêd leit
in nij begjin
Hy swerft troch stêd en lân, hy rûkt it avontoer
Hy is yn hâldershân, de swalker sit ticht by it fjoer
Hy hat net folle jild om hannen, mar einliks hat hy mear as do en
ik
Hy hat gjin inkele ferplichtingen en hy krijt nea in oantekend stik
Hy is de kening te ryk want hy is lyk man mar fêstichheid hâldt
hy net fan
Hy jaget oeral eat wat nei en eltse dei komt tichterby
Hy swerft troch stêd en lân, hy rûkt it avontoer
Hy is yn hâldershân, de swalker sit ticht by it fjoer
Men sjocht him mei de nekke oan, mar dat makket him net út
Want hy hat in protte wille hân at hy aanst syn eagen slút
Hy hat beide kanten fan it libben sjoen
En hoe 't it kwea it fan it goede wûn
Dus hy wit wol wat hy meitsje kin
Want dizze frjemde fûgel docht syn eigen sin
Ja hy is frij, fûgelfrij, hy slacht syn wjukken út eltse
dei
Hy libbet yn syn eigen wrâld, dus wat men seit dat lit him kâld
Hy swerft troch stêd en lân, hy rûkt it avontoer
Hy is yn hâldershân, de swalker sit ticht by it fjoer
boppe |
It
Paad Werom
Do stiest my noch sa by, doarpke út myn
tiid
Der is sa`n soad ferdwûn mar dochs bliuwst sa swiet
En wat der net lykop mei myn jeugd ferdwynt
Der is altyd dy sin dy`t my oan dy bynt
Ea woe`k hjir sa graach wei mei it fluch ferkear
Mar ik bliuw no faker thús, tinkend oan alear
Yn dy sit noch beweech en ik stean hast stil
It makket neat mear út wêr`t ik hinne sil
Ik reizgje op en del, de ierde oer
Altyd ûnderweis nei it aventoer
De eachein wol`k foarby, mar wêr`t ik ek kom
De ein fan elke reis is it paad werom
Ik learde hjir it keatsen, dat is in trêft
Ik learde hjir it riden op de Slotsgrêft
Ik kriich myn earste tút yn `Under `e Sjuut`
Myn ferhaal mei dy, myn doarp, is nog lang net út
Ik boartsje frij yn`t fjild by de grutte feart
Ik strún wer fan it Aldlân nei de Sylsleat
Ik sjoch myn âlde hut efter it fabryk
Myn flot is wer in boat, it reid myn ryk
Ik reizgje op en del, de ierde oer
Altyd ûnderweis nei it aventoer
De eachein wol`k foarby, mar wêr`t k ek kom
De ein fan elke reis is it paad werom
De ein fan elke reis is it paad werom
Ik rûn oer hege bergen yn himelsk snie
Mar seach dêr net de terp wêr`t myn widze stie
Ik besocht de grutste stêden fan de wrâld
Mar fûn dêr net it doarp dêr`t ik fan hâld
Ik doarmje mar wat om dyn tsjerketoer
En wit al myn gereis, ea is it oer
Stop my dan yn dyn grûn as ik safier kom
Nei myn âlderlêste reis: it paad werom
Want de ein fan elke reis is it paad werom
De ein fan elke reis is it paad werom
De ein fan elke reis is it paad werom...
boppe |
De
Bugel Fan Looft Den Heer
Hy
wie sa earm as in lûs
In lytse klint as âldershûs
Wêr`t elke sint in daalder wie
Wêr`t hy tsien broers en susters hie
Wêr`t sels in mûs gjin krommel fûn
Mar by it korps op freedtejûn
Fûn hy syn treast yn de muzyk
Blaasde himsels fan earm ta ryk
Bespile trinten as in fear
De bugel fan Looft den Heer
Hy hie gjin kâns op in bestean
Gjin oare wei as fourt te gean
Nei Kanada, in nij begjin
De tiid wie aldermachtichst min
It doarp begriep it skoan mar sei
Jou him by God syn bugel mei
Dy freugde sil hy nedich ha
Dus fan de boat nei Kanada
Klonk oer de haven heech en klear
De bugel fan Looft den Heer
Hy wraksele op de frjemde grûn
Fan iere moarn ta lette jûn
Mei frjemdfolk, freonen yn de need
Troch winterlân, ûnbidich wreed
Faak sleept`er syn ferwrotten lea
Mei stean en fallen lâns de dea
Mar kaam de maitiid wer werom
Dan klonk oer wetter, wâld en blom
Yn`t lân fan wolf en grizzlybear
De bugel fan Looft den Heer
No is hy âld, hy hat it hân
De sinne skynt yn`t fiere lân
Noch yn de jûn fan syn bestean
Op`t nije hûs, syn wrotterslean
En komme letter op `e jûn
Soms bylden fan syn bertegrûn
En al wat yn`t ferline leit
Dan strielt er mei ynmoedichheid
Syn lytse rykdom fan alear
De bugel fan Looft den Heer
boppe |
|