tebek Healers
<CD: - De Blûsrûs> 2005 - ùtbrocht yn eigen behear
1. Blûs by de rûs
2. Lûk myn pream
3. Foarst my de sek joust
4. Myn swiet wyfke
5. De dikke reade hoanne
6. Ien foar my allinnich
7. Goed nei it sin
8. Blauwe Moandei
9. Ik hie in oar frommes
10. Hurdsiler
11. Eltse dei ha ik de blûs
12. Ik Bin in ilebij
13. Moast my helpe
 
1. Blûs by de rûs
Harkje no minsken, ik sis jim dit
De blûs hie in poppe, in poppe yn myn hert
De blûs, ik bin de blûs, blûs by de rûs, blûs by de rûs, de blûs

Guon lju sizze, guon lju witte
De blûs dy't brûst, it brûst yn myn liif en siel
De blûs, ik bin de blûs, blûs by de rûs, blûs by de rûs, de blûs

Oerdei of yn ' e nacht, makket my net út
moarns iere betiid jûns let, it is altyd goed!
De blûs, ik bin de blûs, blûs by de rûs, blûs by de rûs, de blûs

Elkenien wol no witte hoe't dat no kin
Ik wie o sa allinnich, sûpte my yn dizze rûs
De blûs, ik bin de blûs, blûs by de rûs, blûs by de rûs, de blûs

De blûs, ik bin de blûs, blûs by de rûs, blûs by de rûs, de blûs
© 2004 Dixon & Wouda
boppe
2. Lûk myn pream
Ik waard fan'e moarn wekker, ik tocht ik lûk myn pream
Ik waard fan'e moarn wekker, ik tocht ik lûk myn pream
Ik moast hjir noadich wei, en 'k gong mei op'e stream

Ik wie ek sa allinnich, mar hjoed fûn ik myn faam
Ik wie ek sa allinnich, mar hjoed fûn ik myn faam
Ik naam har by de earm, doe'k har seach op'e daam

It wie fijn sa tegearre, want sy luts no myn pream
It wie fijn sa tegearre, want sy luts no myn pream
Oan frachtsjes gjin gebrek, it wie in moaie dream

Mar oan alles komt in ein, sa ek oan dizze dream
Mar oan alles komt in ein, sa ek oan dizze dream
Mei tefolle stront yn't rûm, sa sonk myn earme pream
© 1998/2004 Johnson & Wouda
boppe
3. Foarst my de sek joust
Foarst my de sek joust, sjoch dan earst nei dysels
Foarst my de sek joust, sjoch dan earst nei dysels
Do seist dat ik ús sinten oan in oarenien fergriem
Do nimst jild oan fan immen op ús hiem

Ik skille jim mem, sa'n trije of fjouwer nachten lyn
Ik skille jim mem, sa'n trije of fjouwer nachten lyn
Mar jim mem sei " Jonge jonge, wat bisto dochs blyn"

Kom dochs thús leave, dan besykje wy it opnij
Kom dochs thús leave, dan besykje wy it opnij
Mei in skjinne laai gean wy noait wer byinoar wei

Kom dochs thús leave, dan besykje wy it opnij
Kom dochs thús leave, dan besykje wy it opnij
Mei in skjinne laai gean wy noait wer byinoar wei
© 2004 Mc Daniël & Wouda
boppe
4. Myn swiet wyfke
Hasto wolris myn swiet swiet wyfke sjoen
Dan witsto dochs wol wat ik bedoel
Hasto wolris myn lytse leave sjoen
Dan witsto dochs wol wat ik bedoel
Sy's it bêste wat ik ea hân ha
Sy makket my bygelyks dwyl en fûl

As ik har freegje om in gleske wetter
Dan jout sy my ek in flesse bier
As ik har freegje om in gleske wetter
Dan jout sy my ek in flesse bier
Sy's it bêste wat ik ea hân ha
Sy makket my bygelyks smoar en blier

As ik har freegje om in dikke tút
Dan tutet sy my oer de hiele lea
As ik har freegje om in dikke tút
Dan tutet sy my oer de hiele lea
Sy's it bêste wat ik ea hân ha
Sy makket my bygelyks bûtergear
© 2004 Veenstra & Wouda
boppe
5. De dikke reade hoanne
Ik ha in dikke reade hoanne
Jout gjin lûd yn 'e moarn
Ik ha in dikke reade hoanne
Jout gjin lûd yn 'e moarn
Mar hâldt de duvel fan 't hiem
Dêr kin ik fan op oan

It fee begjint te balten
De hûn gûlt yn 'e tún
It fee begjint te balten
De hûn gûlt yn 'e tún
Dat minsken: sjoch goed út
De dikke reade is op 'e strún

Ast myn reade hoanne noch ris sjochst
Bring 'm dan by my werom
Ast myn reade hoanne noch ris sjochst
Bring 'm dan by my werom
Want thús is alles yn ûnstjoer
Sûnt myn dikke reade fuortrûn
© 1998/2004 Dixon & Wouda
boppe
6. Ien foar my allinne
Ik ha gjin ien
Bin allinne op' e wrâld
Ik wol ien dy't fan my hâldt
Ien foar my allinne
'k Wol datst fan my hâldst
'k Wol datst foar my fôlst
'k Wol datst my beet hâldst
Dyn earms om my hinne

Ik sjoch nei dy út
Op dy bin'k sa smoar
Bist my ek op't spoar?
Wêr sil dat no hinne
'k Wol datst fan my hâldst
'k Wol datst foar my fôlst
'k Wol datst my beet hâldst
Dyn earms om my hinne

Ik ha gjin ien
Bin allinne op'e wrâld
Ik wol ien dy't fan my hâldt
Ien foar my allinne
'k Wol datst fan my hâldst
'k Wol datst foar my fôlst
'k Wol datst my beet hâldst
Dyn earms om my hinne
© 2004 Mc Phee & Wouda
boppe
7. Goed nei't sin
Ja, ik soe nei myn âldelju, ik hie't goed nei't sin
Ja, ik soe nei myn âldelju, ik hie't goed nei't sin
Mar toe, freegje my no net werom't ik net wit wêr't ik no bin

De earste dy't ik seach wie Keie Nút en syn soan dy hiet Kris
De earste dy't ik seach wie Keie Nút en syn soan dy hiet Kris
En witsto net wa't dat is, heare heare, dan witsto net watsto mist

Dêrnei seach ik ien dat wie Pibe, hy wie de kroechbaas
Dêrnei seach ik ien dat wie Pibe, hy wie de kroechbaas
Dat ik hie wol sa'n toarst, heare heare, ik sûpte my in waas

Ja, ik bedarre dy nacht yn'e groppe, ik wie strie en strie sa min
Ja, ik bedarre dy nacht yn'e groppe, ik wie strie en strie sa min
Dat ik slepte de hiele dei, sa smoar, mar witsto ik hie't goed nei't sin
© 2004 Muskee, Gelling & Wouda
boppe
8. Blauwe Moandei
Se neame it blauwe moandei, mar tiisdei is ek net bêst
Se neame it blauwe moandei, mar tiisdei is ek net bêst
Woansdei is slim en tongersdei is striemin

De iel rikket op freed, en sneons gean ik fuort te spyljen
De iel rikket op freed, en sneons gean ik fuort te spyljen
Sneins gean ik nei tsjerke, dêr jou' k my del en sliep

Dûmny dûmny, ik freegje jo, dûmny wês net sa dûm op my
Dûmny dûmny, ik freegje jo, dûmny wês net sa dûm op my
Jo witte dochs, op myn weake knibbels sis ik jo wer
Toe! nije wike snein dan betterje ik my!
© 2004 Walker & Wouda
boppe
9. Ik hie in oar frommes
Myn faam is by my wei, ik gûl no yn my sels
Myn faam is by my wei, ik gûl no yn my sels
Ik hie in oar frommes, bin myn fanke no kwyt

Sy wie in poerbêst fanke, sy naam my neat kwea ôf
Wie in pûrbêst fanke, naam my neat kwea ôf
Ik hie in oar frommes, bin myn fanke no kwyt

Kom no mar werom, wês dan net mear lulk
Kom no werom, wês dan net mear lulk
Ik hie in oar frommes dat sil ik nea mear dwaan
© 2004 Green & Wouda
boppe
10. Hurdsiler
Minsken, ik bin in hurdsiler!

Ik bin in hurdsiler leave, nimmen giet my foarby
Ik bin in hurdsiler leave, nimmen giet my foarby
Kom mei my mei leave,
Syl en flean mei my

Oan'e kant leave hjir bin ik, lit my der mar gau by
Oan'e kant leave hjir bin ik, lit my der mar gau by
Silst in poepke rûke,
Makkest no wat mei

Ik bin in hurdsiler leave, do hast gjin hâlden oan my
Ik bin in hurdsiler leave, do hast gjin hâlden oan my
Oan't sjen dan mar leave,
Do hâldst my lang net by

Ik bin in hurdsiler leave 2x
Bakboord
Ik bin de hurdsiler leave 2x
Bakboord
Ik syl hurder dan hurd!
Bakboord
Ik syl hurder dan hurd!

© 2005 McDaniël & Wouda
boppe
11. Eltse dei ha ik de blûs
Eltse dei, eltse dei ha ik de blûs.
Eltse dei, eltse dei ha ik de blûs.
Dat wannear't ik yn'e war bin
Witsto, troch dy sit ik yn noed

Net ien jout om my, net ien kin't skele
Net ien jout om my, net ien kin't skele
Mar ha' k it oer lok en ûngelok
Dan kin ik myn part net dele

No pak ik mar myn koffer
En sil hjoed op' e strún
Ja ik pak no myn koffer
en dan sil ik hjoed op'e strún
Want net ien hat noed, net ien dy't gûlt, net ien dy't skriemt

Net ien jout om my, net ien kin't skele
Net ien jout om my, net ien kin't skele
Mar ha' k it oer lok en ûngelok
Dan kin ik myn part net dele

No pak ik mar myn koffer
En sil hjoed op' e strún
Ja ik pak no myn koffer
En dan sil ik hjoed op'e strún
Want gjin ien hat noed
Net ien dy't gûlt, net ien dy't skriemt
© 2004 Chatman & Wouda
boppe
12. Ik Bin in ilebij
Ik bin in ilebij, swermje om dyn koer
Ik bin in ilebij, swermje om dyn koer
Ja ik kin hunnich meitsje, do makkest my oerstjoer

Ik bin in ilebij, do bist myn keningin
Ik bin in ilebij, do bist myn keningin
Ja wy kin' hunnich meitsje, in boel en lang net min

Ik bin in ilebij, swermje nacht nei nacht
Ik bin in ilebij, swermje nacht nei nacht
Ik swaarmje o sa bot, hast my yn dyn macht
© 1998/2004 Moore & Wouda
boppe
13. Moast my helpe
Moatst my helpe leave, ik kin't allinne net oan
Moatst my helpe leave, ik kin't allinne net oan
Ast my net helpe wolst, dan sykje ik wol in oar

As ik gean, gean mei my, as ik stean, stean by my
Moatst my helpe leave, ik kin't allinne net oan
Ast my net helpe wolst, dan sykje ik wol in oar

Ik sier it iten en ik doch de wask
Ik doch sels de bern en jou dy de jas
Moatst my helpe leave, ik kin't allinne net oan
Ast my net helpe wolst, dan sykje ik wol in oar

Jou my myn sliepklean en doch do dyn duster oan
Jou my myn sliepklean en doch do dyn duster oan
Ik bin wier net siik mar sliep de hiele moarn

Moatst my helpe leave, ik kin't allinne net oan
Moatst my helpe leave, ik kin't allinne net oan
Ast my net helpe wolst, dan sykje ik wol in oar
© 1998/2004 Williamson & Wouda
boppe
tebek - terug   tebek