tebek De (nije) Kast
<CD: - ferskaat>
Alle tiid (nl: Alle tijd)
De swalker (nl: De maniak)
Dûnsje mei dy
Eltse grins foarby (nl: Elke grens voorbij)
Hert fan myn gefoel (nl: Hart van mijn gevoel)
Yn myn tinzen (nl: In mijn gedachten)
Ik ha dy leaf (nl: Ik heb je lief)
In nije dei
Mâl mei dy
Moarn sil de sinne skine
Paradys by it dashboardljocht
Wa 't ik bin
 
Alle tiid
By de Slachtedyk as yn 'e Wâlden
Op 'e Klaai of 't Japikspaad
Wy bin der yn de simmer fan dit jier
Wy gean op stap mei al ús maten
Fan it Klif tot oan it Waad
Want it brûst hjir fan de wille en fertier

Want wy kin ús frij bewege troch it fjild en oer de wei
Oer it wetter nei de mar en eltse feart
Wy dogge no't it simmer is mei alle feesten mei
Fan Fryske Peallen, Harns en Holwert tot oan Sleat


Want wy ha alle tiid (oehoehoe) alle tiid (oehoehoe)
Al wat wy leaf ha is om ús hinne
't Is as de sinne foar ús skynt en wy ha alle tiid

Wy bin fersraad oer hiel de wrâld
Mar fertroud mei dizze grûn
It is mar ien stap oer de grins en elts is thús
Yn it Fean of yn de Fremdte
Wy bin mei elkoar ferbûn
At je no ryk bin af sa earm as in lús

Want wy kin ús frij bewege troch it fjild en oer de wei
Oer it wetter nei de mar en eltse feart
Wy dogge no't it simmer is mei alle feesten mei
Fan Fryske Peallen, Harns en Holwert tot oan Sleat


Want wy ha alle tiid.....

Alle tiid

Want wy ha alle tiid (oehoehoe) alle tiid (oehoehoe)
Alle tiid.....

boppe
De swâlker
Al as in jonkje fan in jier as tsien gie hy syn eigen gong
Wat him net sinde dêr gie hy tsjin yn, al wie hy noch sa jong
Doe't hy in jier as fjouwer âlder wie en it libben yn 'e gaten krig'
Doe wist hy wat hy letter woe, hy dreamde doe al fan it avontoer

En no't hy dan folwoeksen is sit hy oan nimmen fêst
En al sit hy faaks ek wolris mis, hy is gjin ien ta lêst
Hy wol him net bine oan in plak of lân, hy strúnt it leafst de ierde rûn
Om alles fan de wrâld te sjen want yn eltse stêd leit in nij begjin

Hy swerft troch stêd en lân, hy rûkt it avontoer
Hy is yn hâldershân, de swalker sit ticht by it fjoer


Hy hat net folle jild om hannen, mar einliks hat hy mear as do en ik
Hy hat gjin inkele ferplichtingen en hy krijt nea in oantekend stik
Hy is de kening te ryk want hy is lyk man mar fêstichheid hâldt hy net fan
Hy jaget oeral eat wat nei en eltse dei komt tichterby

Hy swerft troch stêd en lân, hy rûkt it avontoer
Hy is yn hâldershân, de swalker sit ticht by it fjoer


Men sjocht him mei de nekke oan, mar dat makket him net út
Want hy hat in protte wille hân at hy aanst syn eagen slút
Hy hat beide kanten fan it libben sjoen
En hoe 't it kwea it fan it goede wûn
Dus hy wit wol wat hy meitsje kin
Want dizze frjemde fûgel docht syn eigen sin

Ja hy is frij, fûgelfrij, hy slacht syn wjukken út eltse dei
Hy libbet yn syn eigen wrâld, dus wat men seit dat lit him kâld
Hy swerft troch stêd en lân, hy rûkt it avontoer
Hy is yn hâldershân, de swalker sit ticht by it fjoer

boppe
Dûnsjemei dy
Sis Jitske, sis fanke, skink my nochris yn
Foardat ik wer in nacht yn it tsjuster ferdwyn
Ik kom hjir al salang, do kinst my sa goed
En ik wol net wer allinne nei hűs ta gean hjoed
It is slútingstiid en de kroech is al leech
En wat ik dy freegje is wier net sa dreech
De wrâld fan tsjinwurdich, it giet oan my foarby
Mar dat kin ik ferjitte as ik dűnsje mei dy

Sis Jitske, myn frijheid dęrfoar doch ik in moard
Mar myn jild smyt ik altyd as wetter oerboard
De bern hjir se sjogge my as in alkoholist
Mar ik focht ek foar har frijheid, ik wie in baas masinist
'k Ha de oarloch oerlibbe, it lok lake my oan
Mar myn maten fan eartiids binn' allegear al ferstoan
Hege piken, djippe deltes, sa gie dat mei my
En lit my no dűnsje, dűnsje mei dy

Sis Jitske ik ha my noait bűn oan in frou
'k Ha 't in pear kear besocht, mar ik wie se net trou
Ik ken elke haven en ik ken elke hoer
En krige ik de kâns, dan die ik it grif oer
Do wolst it net leauwe, mar 'k wie in tűke jong fint
En ik libbe foar de folle twahűndert prosint
Ik libbe sa blier en sa rom en sa frij
Kom lit my no dűnsje, dűnsje mei dy

Sis Jitske, sis fanke, it is om dy dat ik hjir kom
Do list my mar seure en ik praat soms sa dom
Ik wit it wurdt hurd minder mei 't âlde ferstân
Mar draai noch in bandsje en jou my dyn hân
Myn libben hie kleur en it wie lang net min
En om hjir fourt te tarren, dęroan ha 'k gjin sin
Alles wat ik noch ha, o do krijst it fan my
As ik noch ien kear dűnsje, ja dűnsje mei dy

Sis Jitske, sis fanke, skink my nochris yn
Foardat ik foargoed yn it tsjuster ferdwyn
boppe
Eltse grins foarby
It read beskynt de greiden, de jűn falt oer de mar
Dęr stean se mei har beiden en hy sjocht nochris nei har
Se stean foar harren hutte, fan pôlen, liem en reid
Syn hân leit op har skurte, hy wurdt mei koarten heit
It jier hast fyftjin hűndert, feroare maatskippij
Se lije der net űnder, se fiele harren frij

Der is faaks wol wat geande, hy moat soms op oarlochspaad
Mar węr't se eins foar steane, no dat wurdt er nea gewaar
Dochs ha se neat te kleien en al hawwe se gjin jild
It iten dat se krije is de rykdom fan it fjild
It jier hast fyftjin hűndert, in nije hearskipij
Se bűge der net űnder, se bliuwe altyd frij

De sinne skynt al ieuwen oer it lân,
Bringt de iere moarn, eltse dei opnij
De wyn hellet noch alle dagen oan
Giet fan lân nei lân, eltse grins foarby


It read beskynt it kampke, de jűn falt oer de stęd
Dęr boartet in lyts famke, noch in skoftsje, aanst op będ
Se jeuzelt hűndert út, de taal dy't mem har bybrocht hat
Har heit ropt troch it rút dat se nei binnen komme moat
It jier al wer twa tűzen, Europa dat wurdt nei
It famke sjongt en dűnset en laket dan nei mei

De sinne skynt al ieuwen oer it lân,
Bringt de iere moarn, eltse dei opnij
De wyn hellet noch alle dagen oan
Giet fan lân nei lân, eltse grins foarby

boppe
Hert fan myn gefoel
De kontoeren yn it lân bin feroare troch de tiid
It is dizich oer it fjild en ik wit my sels gjin ried
Yn it doalhôf fan emoasjes giet de tiid oan my foarby
Ik rin oer d’ âlde paeden węr ’t ik eartiids rűn mei dy

De hynders yn it fjild, de moune op ‘e dyk
Se binne der net mear, it is net mear gelyk
Ik sjoch wer âlde bylden mar noosto der net mear bist
Is der in grutte leechte, ik fiet in grut gemis

It liket krekt dat ‘k dy wer heare kin
It liket krekt dat ‘k yn ‘t ferline bin

Yn it hert fan myn gefoel sil ik dy nea ferjitte
Yn it hert fan myn gefoel bisto by my
Ik tink werom en ik woe dat ik wer mei dy laitsje koe
Fanôf de earste dei


De wurden út dyn brief stean yn myn holle skreaun
Ik doarmje troch de jierren neat haw ik ferdreaun
‘t Is as de wyn my wjukken jout, my oan dy tinken docht
dan sjoch ik nei de loft, tusken de wolken wurd it ljocht
 
It liket krekt dat ‘k dy wer heare kin
It liket krekt dat ‘k yn ‘t ferline bin
 
Yn it hert fan myn gefoel sil ik dy nea ferjitte
Yn it hert fan myn gefoel bisto by my
Ik tink werom en ik woe dat ik wer mei dy laitsje koe
Fanôf de earste dei

 
Soe ik myn fertriet nei de himel roppe wolle
Om dy werom te krijen neat is my te folle
 
Yn it hert fan myn gefoel sil ik dy nea ferjitte
Yn it hert fan myn gefoel bisto by my
Ik tink werom en ik woe dat ik wer mei dy laitsje koe
Fanôf de earste dei

boppe
Yn myn tinzen
ik rin ûnder de beammen yn it bosk
de kâlde drippen die falle op myn hûd
ik dûnsje as in bern
yn it farske griene moas
en de fûgels fleane op en jouwe lûd
en lâns de poddestuollen
ferfolgje ik myn reis
as in flinter yn de loft
sa bin ik altyd ûnderweis

yn de wyn hear ik dyn stim
yn alles wat ik sjoch kin ik dy sjen
fier oer de grinzen djip yn myn tinzen
hâldt ik fan dy do bist de wei
en jûn bist do by my


ik sjong want út myn hert bist do nea
do jouwst my krêft yn dizze wylde wrâld
de leafde die 't ik fiel
hâldt ik tot oan myn dea
en yn myn dreamen wurde wy tegearre âld
de leafde is in wûnder
sjoch mar wat it docht
nea kin ik mear sûnder
do bist myn gelok en myn ljocht

yn de wyn hear ik dyn stim
yn alles wat ik sjoch kin ik dy sjen
fier oer de grinzen djip yn myn tinzen
hâldt ik fan dy do bist de wei
en jûn bist do by my


fier oer de grinzen djip yn myn tinzen
hâldt ik fan dy do bist de wei
en jûn bist do by my

yn de wyn hear ik dyn stim
yn alles wat ik sjoch kin ik dy sjen
fier oer de grinzen djip yn myn tinzen
hâldt ik fan dy do bist de wei
en jûn bist do by my

boppe
Ik ha dy leaf
Ik wit net asto sist te wachtsjen op in freonlik wurd fan my
As is dy oprop yn myn gedachten dan wurd ik sa bliid fan dy
Ik fiel it as ik dy foarby rin, as ik dy sjoch, dyn stim wer hear
It sit yn hűndert-tűzen flinters dy't swiet sweve troch myn lea

Ik haw dy leaf myn hiele libben is folle mear as hâlden fan
't Is krekt of asto yn myn bloed sitst en ik kin der neat tsjin dwaan
Dyn moaie eagen lykje marren, ik kin der sa yn űndergean
It is in bjusterbaarlik barren, ik krij ir ek fan Hearrefean

'k Ha dy leaf, 'k ha dy leaf, 'k ha dy leaf, wat moat ik sunder dy
't Bin mar fjouwer lytse wurdsjes en al makket ús dat soms wat bang
'k Haw dy leaf wol alve stęden lang


Ik fiel it moarns asto wer opstiest, ik sjoch it yn in simmerske bui
Ik wurd al weak asto ris fuortgiest yn myn allermoaiste trui
It is myn han dy'st samar fęstpakst as wy kuierje lâns de feart
It komt ek, en dat is no it frjemde, troch soms hielendal neat

'k Ha dy leaf, 'k ha dy leaf, 'k ha dy leaf, wat moat ik sunder dy
't Bin mar fjouwer lytse wurdsjes en al makket ús dat soms wat bang
'k Haw dy leaf fjirtjin blommenkorso's lang


Ik priuw it as ik dy in tút jou of asto lakest út alle macht
Ik sjoch it as der wer in stjer falt nei it frijen yn de nacht
It is dy tinteling, dat bryske en dęrom bisto by my
As ik dy rinnen sjoch dan tink ik: dęr giet in ingeltsje foarby

'k Ha dy leaf, 'k ha dy leaf, 'k ha dy leaf, wat moat ik sunder dy
't Bin mar fjouwer lytse wurdsjes en al makket ús dat soms wat bang
'k Haw dy leaf twa en tweintig skűtsjes lang

Ik sjoch twa âlde misnken, hân yn hân by de PC
't Is ien fan myn grutste winsken, 'k ha dy leaf ek nei de Aow

'k Ha dy leaf, wat moait ik sűnder dy
't Bin mar fjouwer lytse wurdsjes en al makket ús dat soms wat bang
'k Ha dy leaf hűnderttsien keatsfjilden lang
'k Ha dy leaf, 'k Ha dy leaf .... myn hiele libben lang

boppe
In nije dei
De nacht is foarby, de sinne is frij omheech te gean
Aanst wurdt it dei, de moarn is te nij om stil te stean
It libben wy wrang, it wachtsjen te lang
Mar 't nimt in kear
Węs mar net bang, nea wer bang, it hoecht net mear
 
Der sil gjin dei begjinne dat ik net by dy bin
Gjin oerwurk foar ús rinne sűnder sin
 
Jou my dyn hân, jou my dyn hert
Asto it doarst mei my
Hjir is myn hân, hjir is myn hert
'k Jou myn bêstean oan dy
Lang wie it kâld en tsjuster
Aanst komt de dei, fynt it ljocht syn wei
Yn in nije dei

 
'k Kaam net út' e rie, it paed dat ik gie it wie sűnder ein
De tiid dy't der wie, it hert dat ik hie it wie fersein
'k Ha my oan dy jűn, mysels yn dy fűn, 'k begjin opnij
 Want de leafde hat wűn, twa minsken bűn, mar fűgelfrij
 
Der sil gjin dei begjinne, dat ik net by dy bin
Gjin oerwurk foar ús rinne, sűnder sin
 
Jou my dyn hân, jou my dyn hert
Asto it doarst mei my
Hjir is myn hân, hjir is myn hert
'k Jou myn bêstean oan dy
Lang wie it kâld en tsjuster
Aanst komt de dei, fynt it ljocht syn wei
Yn in nije dei

boppe
Mâl mei dy
Iik bring dy yn dyn bedsje de gerdinen haw ik sletten
Dyn moaie eagen binne swier
Iit bearke op dyn kessen bist noch nea in dei fergetten
't Iis krekt as do al trije jier
Moat altyd mei en at se wei is moat 'k har fine
Wat bin ik mâl mei dy

It wie in moaie dei rûnst op dyn klompkes yn 'e blikke
In flinter dwarle by dy del
Do woest har aaie mar do liest har smar skrikke
Fan minsken wurde flinters kjel

Do seachst har nei doe kaamst by my en hast my frege
Wêr giet se hinne wêr 't oare flinters binne
Wat bin ik mâl mei dy

En at it moarn is sil 'k dy alles wol fertelle
En asto grut bist bist do nea te grut foar my

Gean no mar sliepen en ast bang bist moast my ropp
Ik sil der wêze ast my ropst sil ik der wêze
Wat bin ik mâl mei dy

boppe
Moarn sil de sinne skine
De ljochten yn de spegel ferdwine efter my
De stêden kleurje read ik ryd der oan foarby
Allinnich yn de polder tusken hjoed en moarn
Troch de smoutte fan de nacht wêr 't it lûd is ferstoan

Moarn sil de sinne skine foar my en begjin ik opnij
Ferdwynt de pine yn my en begjin ik opnij

De moanne skynt oer it wetter en de diken jouwe ljocht
Myn ferlangst haw ik folge mar ik fûn net wat ik socht
Ik wie dagen yn de frjemte noch nea wie ik safier
Yn in stêd sûnder leafde wêr 't de kjeld fielber wie

Moarn sil de sinne skine foar my en begjin ik opnij
Ferdwynt de pine yn my en begjin ik opnij

Safaak haw ik dizze wie al riden en wie it tsjuster yn myn hert
Wie it isskâld om my hinne en wie ik warch leech en let

Moarn sil de sinne skine foar my en begjin ik opnij
Ferdwynt de pine yn my en begjin ik opnij
Sil de sinne skine foar my en begjin ik opnij
Ferdwynt de pine yn my en begjin ik opnij opnij

boppe
Paradys by it dashboardljocht
Syb:
O, ik wit it noch mar al te goed, krekt as barde alles justerjûn
We perkearden by de mar en fierder wie gjin ien dêrby
En ik hie noch nea in faam, nea sa’n moaie faam asto wiest
En alle maten út ‘e klasse wiene fêst jeloers op my

En no fiel ik dy waarme gleone hûd fan dy
En dat gefoel yn myn liif dat is sa frjemd foar my
En wy gloeie as it izer by in smid yn it fjoer
Gloeie as it izer by in smid yn it fjoer
No kom op, hâld dy taai, hé kom op, hâld dy taai

Maaike & Syb:
Al is ‘t kâld en iensum, wêr ‘t de leafd ‘ús brocht
‘t Is in wier paradys by it dashboardljocht

Syp & Maaike:
Ik wit net hoe ‘k it hie, wêr hie ‘k myn gat yn draaid
We wiene amper santjin jier, we wiene amper klaaid
Ik wit net wat der barde en da ‘k al dy dingen samar doarde
Ik wit net hoe ‘k it hie, wêr hie ‘k myn gat yn draaid
We wiene amper santjin jier, we wiene amper klaaid

Syb:
Leave hearst myn hert net slaan of is ‘t it ritme fan de radio
O wat ha ‘k hjir lang op wachte, leave ‘k bin sa gek op dy
En ik sil dy wol fertelle, krijst der neffens my gjin spyt fan
Hjir sil w’ in grap fan ha, dus slút dyn eagen mar
It falt dy alles ta, dit makkest never nea wer mei

En no fiel ik dy waarme gleone hûd fan dy
En dat gefoel yn myn liif dat is sa frjemd foar my
En wy gloeie as it izer by in smid yn it fjoer
Gloeie as it izer by in smid yn it fjoer
No kom op, hâld dy taai, hé kom op, hâld dy taai

Maaike & Syb:
Al is ‘t kâld en iensum, wêr ‘t de leafd ‘ús brocht
‘t Is in wier paradys by it dashboardljocht
Al is ‘t kâld en iensum, wêr ‘t de leafd ‘ús brocht
paradys by it dashboardljocht

Syb & Maaike
Doch no mar goed dyn best, en ús Memmy Natoer docht de rest
Ik wit net ast it wist: hjir haw’ ús gat yn draaid
We wiene amper santjin jier, we wiene amper (klaaid)
We gean der tsjinoan de hiele jûn, ja we gean der tsjinoan want jûn is de jûn (4x)

- Sportferslach troch Rients –


Maaike
STOP DER MEI, IK WOL IT WITTE NO
Foardat wy fierder geane silst my leaf ha?
Silst my leaf ha foar ivich, hast my nedich?
Silst my nea ferlitte, makkest do my gelokkich, toe fertel it my gau
Nimst my mei wêrsto

Silst my leaf ha, silst my leaf ha foar ivich, hast my nedich
Silst my nea ferlitte, makkest do my gelokkich, toe fertel it my gau
Nimst my mei wêrsto giest en wurd ik letter dyn frou
Ik wol it witte no foardat wy fierder geane: silst my leaf ha
Silst my leaf ha foar ivich

Syb:
Ak de sliep út ha, leave leave, ak de sliep út ha
Ak de sliep út ha, dan jou ‘k dy it antwurd yn ‘e moarntiid
(3x)

Maaike:
Ik wol it witte: Silst my leaf ha, silst my leaf ha foar ivich,
hast my nedich
Silst my nea ferlitte, makkest do my gelokkich, toe fertel it my gau
Nimst my mei wêrsto giest en wurd ik letter dyn frou
Ik wol it witte no foardat wy fierder geane: silst my leaf ha
Silst my leaf ha foar ivich

Wat wurdt it jonkje, kom op, ik ha ‘t de hiele nacht oan tiid
Wat wurdt it jonkje, ja of nee
Wat wurdt it jonkje, JA, OF NEE

Syb:
Ak de sliep út ha, leave leave, ak de sliep út ha
Ak de sliep út ha, dan jou ‘k dy it antwurd yn ‘e moarntiid

Maaike:
Ik wol it witte: silst my leaf ha

Syb:
Ak de sliep út ha

Syb & Maaike
Silst my leaf ha foar ivich, hast my nedich Leave leave
Silst my nea ferlitte, Ak de sliep út ha
Makkest do my gelokkich. Ak de sliep út ha
Toe fertel it my gau, Dan jou ‘k dy it antwurd
Nimst my mei wersto giest, wurd yn ‘e moarntiid
En wurd ik letter dyn frou
Ik moat it witte no: foardat wy fierder geane ik jou dy it antwurd
Silst my leaf ha, silst my leaf foar ivich, yn ‘e moarntiid

Syb: Ak de sliep út ha
Maaike: Silst my leaf ha foar ivich
Syb: Ak de sliep út ha
Maaike: Silst my leaf ha foar ivich

Syb:
O it wie net mear te hâlden WOW sa is ‘t gien
En mei dit mantsje út ‘e Wâlden wie it samar dien
Ik begûn te swarren by hast alles wat my dierber wie
Ik soe dy leaf ha oan ‘t de ein fan ‘e tiid echt wier
Ik soe dy leaf ha oan ‘t de ein fan ‘e tiid

No sil ik bidde dat de ein fan ‘e tiid
Mar hiel gau komme mei
Want ak hjit no noch langer as in tel by dy bin
Nee dan gean ‘k hjir folle leaver noch wei
Ik sil myn wurd wol hâlde en myn plicht wol dwaan
Mar de himel allinnich kin my antwurd jaan
Bidde foar de ein fan de tiid dat dy mar komme mei (mei dei)
Bidde foar de ein fan de tiid wêr is de ein fan myn tiid mei dy

It wie lang ferlyn en it wie sa foarby
Mar it wie hiel wat better as hjoed de dei (2x)

Maaike:
En it wie nea sa goed en it kin nea wer oer
Mar ja we gloeiden as it izer by in smid yn it fjoer (-troch Syb hinne-)

boppe
Wa't ik bin
Syb:
Koest do net sjen, koest do net oan myn eagen sjen
Dat ik gjin fjoer mear yn my hie

Węr wie de stim, węr wie de stim dy ‘t tsjin my sei
Dat ik myn dream ferjitten wie
En de dagen gienen foarby en ik libbe mei de dei
Want ik hoechde net te witten fan de moarn

Maaike:
Sa ticht by dy, myn hiele libben wie ‘k by dy
Dochs wie dyn tinken fier fan my
‘k Ha alles jűn, ik ha my oan it lot ferbűn
Wy gienen elts ús eigen wei

Syb & Maaike:
Mar by alles wat ik die, wat ik yn myn hannen hie
Feroare blinkend goud yn inkeld sân

Syb:
De dreamen dy ‘t ik dreamde binne mei de dei ferflein
Lit my frij om no te fleanen, lit my fleane yn ‘e rein
Ik iepenje de finsters en fljoch sa fier ik kin
Want ik kin no einlik węze wa ‘t ik bin

Syb & Maaike:
Mar de rekken wei, en de tiid dy naam ús mei
En wy hoechden net te wachtsjen op ‘e moarn

Syb:
De dreamen dy ‘t ik dreamde binne mei de dei ferflein
Lit my frij om no te fleanen, lit my fleane yn ‘e rein
Ik iepenje de finsters en fljoch sa fier ik kin
Want ik kin no einlik węze wa ‘t ik bin

Maaike:
De dreamen dy ‘t ik dreamde binne mei de dei ferflein

Syb & Maaike:
Lit my frij om no te fleanen, lit my fleane yn ‘e rein
Ik iepenje de finsters en fljoch sa fier ik kin

Syb:
Want ik kin no einlik węze wa ‘t ik bin
Want ik kin no einlik węze wa ‘t ik bin

boppe
tebek - terug   tebek