tebek Bricquebec
<CD: - Hjoed>
De Tiid
Hjoed
Flotsje
Dyn stapke
Twa minuten
 
De Tiid
Ik rin it paad del
myn fuotten bin sa swier
Ik wit wol dat it kâld is, de wyn wer yn myn hier
De wyn nimt my werom nei dy

Alles wat ik sizze soe
ik liz it del by dy
Alles wat ik sizze soe do hearst net mear nei my
Noait mear nei my

Net mear nei my
Ik hou, ik sla ik skop
En ik bats der bovenop
Mar neat bringt dy, wer by my

Refr:
Wol net ferlieze, de tiid befrieze
En alles moat sa bliuwe as it wie mei dy
Wie mei dy


En se sizze dat it went mar moai net by my
Ik hear se wol praten hiel fier hjir fan my
De wurden falle by my del want ik kin der net by
Kin der net by, sa sûnder dy

Thús is sa'n moai wurd ik ha it sa faak sein
Yn myn holle hear ik dyn stappen it hiele ein
It hiele ein, werom nei my

boppe
Hjoed
It is krekt as leafde yn'e maitiid
As it gêrs gewoan net griener kin
It is krekt as de dei ferjitte
Want do hast gewoan gjin sin

It is krekt as boppe op in dún stean
En dast hiel fier om dy hinne sjochst
It is krekt as dan de wrâld fan dy is
En hast gjin sin om fierder te gean

En te tinken oan wat moarn,
miskien wol bringe kin.
Want hjoed is it te moai,
om net even stil te stean

Refr:
Liz ik hjir yn it gêrs te sjen nei de sinne
Liz ik hjir yn it gêrs mei de stilte om my hinne
Sa woe ik it wol faker, sa rêstich
It is krekt as no gewoan ferjitte
Dast it einliks dochs wol hiel drok hast
It is krekt as alles by dy dellizze
Omdat it hjoed gewoan net past

boppe
Flotsje
Do en ik op in flot op in see fan gûlen
Do bist de wei kwyt en ik it paed
Mei syn beiden krekt droech
We driuwe, fersûpe krekt net
Mei syn beiden bin' we net allinnich
Ik hâld dy beet en do my fêst
It wetter spielt us spoaren fuort

Do en ik op in flot, op in flot om te skuljen
Ik ha gjin paad fûn en do gjin wei
Út alle hoeken seit de wyn
Wêr't wy hinne gean
Ik hâld dy fêst en do my beet
Dochs los fan alles wat wie
It ferline spielt steeds fierder fuort

Refr:
Reine, it moat reine
It is al salang droech
Reine, it moat reine
Want wetter, wetter makket de see

boppe
Dyn stapke
Dyn stapke hear ik op ús tegels gean
Lytse klompkes klinke oer it griene hiem
Foar us ruten, foar ús doar
Lâns de skourre bist al foar
Foar us ruten, foar ús doar

Dyn stimke hear ik moarns betiid by't bêd
Nog even en do fregest ast komme meist
Troch de muorre, troch de doar
Op dyn keamer dyn bear giet foar
Troch de muorre, troch de doar

Refr:
Kilometers bist do fuort
En ik wit net hoe't it allinnich moat
Soest do deselde moanne sjen
Ast jûns noch even troch dyn rútsje sjochst
Troch de wolken, troch 't gerdyn
As dêr de moanne foar dy skynt
Dyn stapke hear ik op myn tegels gean
It heart sa en ik bin al foar
Mar do bist der net
Net foar myn ruten,
Nee, do bist der net
net foar myn doar
Do bist der net, nee bist net foar

boppe
Twa minuten
It is mar goed
Dat jim net hoege te sjen
De wrâld is net better, krekt like kâld
De minsken itselde, se bin net feroare
Der wurdt folle praat mar úteinlik neat sein
De reek is fuort

Mar it fjoer net út
It stof luts op
Mar alles bliuwt gelyk
Freegje kin net mear
Lit my net liege
Ûnder myn fuotten leit it gewisse

Wat wiene jim foar minsken hoe sterk kin ien wurde
Ut it ferline moatte wy leare
Wiete wangen
De flaggen healstok
Reade eagen
En kearsen brâne

Refr:
Twa minuten stil
Efkes gjin lawaai
Twa minuten om te tinken
Twa minuten stil
Dan is it boek wer ticht
Mar de side is dûbelteard


Wiete wangen
de flaggen healstok
reade eagen en kearsen brâne
De reek is fuort
Mar it fjoer net út
It stof luts op mar alles bliuwt gelyk

boppe
tebek - terug   tebek