Fryske Siswizen
 

"SUVER NUVER!"

A - B - D - F - G - H - I - K - L - M - O - R - S - T - U - W
A
"Alde wiven op it iis jout teiwaar"
"Alles kin, behalven in neakene keardel yn'e bûse skite"
"Altiid oer ien boech sile dat giet net"
"Aprilwear en hearegunst dęr is gjin steat op to meitsjen"
"As de dieden sprekke binne de wurden oerstallig"
"As de wyn draait, moat de mole kruije"
"As ierappels befongen west hawwe, krije se gauris in mjitske smaak"
"As men de skoalle jierren hawn hat, moat men ris fiks oan’t learen"
"As neat komt to eat dan wit eat neat"
"As 't bigjint to friezen, űntteije de Friezen"
"As 't net kin sa't moat, dan moat it mar sa it kin"
"As 't net sile wol moat men lavearje"
"As ús yo folle hollânsk oanwaait dan giet it âlde aard en taal ferlern en wurde wy űnfrysk"
B
"Boate bakker bakt bęst brűn brea"
"Bűter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries"

D

"De âldehou is koart en grou, jowst my in stűr, dan spring ik der oer"
"De Friezen binne yn it lân"
"De minsken meitsjen fals jild en it jild makket falske minsken"
"De moaiste apels binne faak yn it hert ferrotte"
"De műle seit faak hwat, dęr 't hert gjin diel oan hat"
"De sinten sizze mar sa'n lyts skofke baas tsjin my"
"De skuon op 't bêdsboerd sette"
"De slimste pleagen foar in skipper binne in lek skip en in lilk wiif"
"De űnderfining makket wiis, mar it gjit faak tsjin to hege priis"
"De wrâld is rűch, dy't him net rędde kin is slűch"
"Der binne minsken dy't in ingel yn 'e műle hawwe en de duvel yn 't hert"
"Der steane in bulte minsken mei in bosk kaaien yn 'e hân foar de poarte fan it lok, mar hja kinne it slotsgat net fine"
"Dęr't mei omgiet wurdt men mei neamt"
"Doch dyn plicht en lit de lju rabje"
"Dochters en deade bleijen moat men net lang bewarje"
"Dy't de baarch ringje wol, moat him it gűlen treastgje"
"Dy't de waar lekket makket der gading oan"
"Dy't earst yn it boat is, hat kar fan riemen"
"Dy't fan 'e bargen net omwrot wurde wol, moat fan 'e rűchskerne bliuwe"
"Dy't flout kin net oer de glęzen bręge"
"Dy't folle praat moat in bulte wiermeitsje"
"Dy't huning hawwe wol, moat it stekken fan'e bijen fele kinne"
"Dy't mei alle minsken yn frede libje wol, moat neat sizze... en rędt er it noch net"
"Dy't nachts fisket moat deis netten droegje"
"Dy't net arbeitet sil ek net ite, seit men, mar as 't sa wie, soenen der in soad rike skevels stjerre"
"Dy't oan 'e wei timmert sűzje de earren"

F

"Fan hearen sizzen lycht men it meast"

G

"Garjen en sparjen makket stiennen bargen fet"
"Gjin goud sűnder skűm"
"Gjin ljocht ta skel as dęr is skaad by"
"Gjin nijs yn'e krante, sei Douwe, it binne deselde letters fan altiten, se steane allinne mar wat oars."

H

"Heljen is neat, mar jaan falt swier."
"Hy sloech fjouwer keardel njochen earmen ôf"
"Hy soe om in sint wol dea wolle, as er foar in healtsje wer libben wurde koe"
"Hja is sa nijsgjirrich, dat se mocht wol in finsterke yn har deakiste hawwe."
"Hoe fet sopje oarelju's petielen, en buorlju's kij jaan greate mielen"
"Hwa't him sels net sa great achtet is faack folle mear as er sels leaut"

I

"Ien âlder kin better seis bern űnderhâlde, as seis bern ien âlder"
"Yn in romer kin men o sa maklik fersűpe"
"Ik haw in hûnegeloof, it fleis leaver as de bonken"
"Ik moat help hawwe, sei de boer, helje my gau in healfearntsje jenever!"
"Ik preekje hjoed allinne foar de sliepers, sei dûmny, dat de oaren kinne har wol deljaan."
"In boarst as in pikelhjerring hawwe"
"In boer moat boer bliuwe"
"In goed begjin is 't heale wurk"
"In hynder en in wiif moat men net fierder sykje as men de skoarstien rikjen sjen kiin"
"In kop as in ferlakte hûnekul"
"In kwea namme rint fuort as diggelfjűr"
"In minskensin, is in minskenlibben"
"In skelm wit hwat in skelm om 't hart is"
"In swiet petear bekoartet de wei"
"It âlde wyfke sei: al helpt it net, it ferkwikt dochs"
"It helpt foar de mûzen, sei de man, doe stiek er it hûs yn'e brân"
"It ienfâldige en natűrlike is it merkteken fan it wiere"
"It is de boer al like folle oft de ko skyt of de bolle"
"It is mei sizzen net to dwaan"
"It kin better fan de skeaf as fan de bân"
"It komt yn it fean op in turf net oan"
"It komt net fan it hûnewinsken dat it keal stjert"
"It roer moat yn it wetter bliuwe"

K

"Koarte wurden, en dy fęst, slute 't bęst"

L

"Leaver dea as slaaf"
"Lis net altyd yn 'e swierste sile"
"Lit jins ljocht foar de minske skine, mar set der gjin fergreatglęs foar"
"Lytse dieven hinget men, de greaten lit men rinne"
"Lytse lôge, greate fjurren"

M

"Mank it lawaai fan'e kikkerts swijt it gealtsje"
"Mei sjerp kin men better miggefangen as mei jittik"
"Memmedrift is in snieflok yn april"
"Men hat it slimmer mei de nitels as mei de lűzen"
"Men moat de moedfearren nea hingje litte"
"Men moat it izer smeije as it hjit is"
"Men moat it seil net heger lűke as de męst"
"Men moat net minder węze as jins wurd"
"Men seit folle dat men leaut en men leaut folle dat men net seit"
"Moarns let, de hiele dei let"

N

"No is de boat oan"

O

"Op 'e gouden kaaije wolle alle slotten draaije"

R

"Rikelju's sykten en earmelju's pankoeken rűke fier"
"Rjocht en sljocht dat giet der mei"

S

"Sa binne wy net troud"
"Sa't it knipt is, moat it ek naaid wurde"
S"in en wille kin folle tille"

T

"Troch it tsjoede ta it goede"
"Tsjerke en toer moatte mids it doarp bliuwe"

U

"Under in steand seil is it maklik kloetsjen"
"Undersykjen is 't neiste rjocht"

W

"Wachtsje jim foar noardewyn, en al te gleie sinne skyn"
 
tebek - terug fjirder - verder mear...
side 4 fan 5