Hoe de Fryske Flage ûntstean is:
.Frysk.Frysk.Frysk.Frysk.Frysk.Frysk.Frysk.Frysk.Frysk.Frysk.Frysk.Frysk.Frysk.Frysk.Frysk.Frysk.Frysk.Frysk.Frysk.
De sân pompeblêden hawwe te meitsjen mei de sân Fryske seegewesten yn de Midsieuwen. Dit wienen de sân gewesten lâns de kust fan Alkmaar oant Weser. Yn it gebied wat no Fryslân omfet wienen dit Oostergo en Westergo.

De sân gewesten hiene in ferbûn sletten nei de grutske oanfallen fan de Noarmannen. Elts jier fergaderen sy by de Upstalsbeam (gerjochtsplak fan it ferbûn) by Aurich yn East-Fryslân. Kinmerken fan de 'Noardseekultuer' wienen do al te finen yn wapens en flagen fan de Sweedske en Deenske keningen. Mei blau doek, skeane banen en reade of gouden figueren yn de foarm fan blêden fan de giele plomp.

Yn it Frânske wapenboek komme ek al wapens foar fan de 'kening fan Fryslân' mei pompeblêden en skeane banen, droegen troch liuwen of loaihoarzen. Yn Westerlauwersk Fryslân wiene it liuwen en yn West-Fryslân loaihoarzen (hokker noch hieltyd in it wapen fan Noard-Hollân steane). It tilde doe noch op fan de skeane banen en de pompeblêden.

Yn de sechstjinde ieu krige de flage fan Westerlauwersk Fryslân trije banen en sân pompeblêden, wylst der yn Ommelannen in 1577 foar trije skeane balken en âlve herten keazen waard

De flage fan Westerlauwersk Fryslân kaam yn 1830 ek op it segel fan it Frysk Genoatskip en waard hieltyd mear as de Fryske flage beskôge. De flage waard yn 1879 goedkard troch Deputearre Steaten. Yn 1927 waard de flage foar it earst offisjeel brûkt.

Pas yn 1957 hat de flage in status en erkenning fan it Keninkryk der Nederlannen. In kommisje fan it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy hat de skiednis fan de flage ûndersocht en is mei in rapport kaam. Dit waard troch de Provinsjale Steaten feststeld en troch Keninginne Juliana befêstige.

Boarne: LC. 09-02-2000, rubryk "Help!" fan Teake Zijlstra (Fertaling: FryskeSide.nl novimber 2000)
tebek - terug fjirder - verder mear...
side 3 fan 5