 |
It wapen fan Fryslân is in blau skyld mei twa gouden
liuwen boppe elkoar, mei oan de râne sân langwizige
gouden blokjes, wêrfan twa yn de boppehoeken, twa
tusken de liuwen, en trije ûnder de liuwen.
It wapen wurdt normaal ôfbylde mei op it skyld
in fiif-blêdige kroan, en mei twa gouden liuwen
dy't it skyld fêsthâlde, alles steand op griene
útrinners.
Wêr't de liuwen foar stean is net wis. Der wurdt
oannaam dat, as it tal fan de blokjes in betsjutting hat,
it de bûn fan de sân seelannen oantsjutte
sil.
De oarsprong fan it wapen fan Fryslân is net dúdlik.
Lykwols is dizze ferzje fan it wapen yn 1830 as wapen fan
it Frysk Genoatskip oannaam. Yn'e rin fan de 19e ieu wie
in banier fan dit wapen ek populêr as flagge fan Fryslân,
oant de hjoed-deiske Fryske flagge opkaam. Sûnt 11
febrewaris 1958 is dit offisjeel it wapen fan Fryslân. |
| |
|
|