Lis it boerd
sa, dat it fjild loftsûnder donker is. Der wurdt op'e
donkere fjilden spile.
Wyt begjint.
In houtsje mei 1 fjild skean foarút
skood wurde.
In houtsje mei foarút likegoed
as efterút slaan yn 8 (alle!) rjochtings (dus ek
horizontaal en fertikaal).
In houtsje dat op'e daamline komt
wurdt in wolf, op sa'n houtsje wurdt in oar houtsje setten.(Tink
derom: as in houtsje by in slach oer de daamline komt, dan
bliuwt it in houtsje).
In wolf mei skean foarút en
skean efterút skood wurde safier as dat mooglik is.
Mei in wolf mei mar trije kear efterinoar
skood wurde, dêrnei moat er frij makke wurde troch
in slach (eventúeel mei deselde wolf) of in set fan
in oare wolf of in houtsje. Dizze beheining ferfalt wannear't
ien inkeld mar wolven hat.
In wolf mei slaan yn 8 rjochtings
(ek de wolf mei horizontaal en fertikaal slaan). De wolf(daam)
hoecht net lyk efter in sleine stik delset te wurden.
Slaan is ferplichte!
Mearslach giet foar. Twa houtsje hawwe
mear wearde as ien wolf. Ien houtsje hat minder wearde as
ien wolf.
Daamslach giet foar. Kinne in wolf
en in houtsje in like grutte wearde slaan, dan giet de wolfslach
foar, oars giet mearslach foar.
Pas nei de slach wurde de sleine stikken
fan it boerd krigen.
By it slaan mei ien wol faker as ien
kear oer itselde fjild komme, mar net faker as ien kear
oer it selde stik.
Oanreitsje is sette!
As ien spiler 2 wolven hat en syn
tsjinstanner hat 1 wolf, dan hat de spiler mei 2 wolven
7 setten om de partij út te meitsjen, oars is it
kamp.
As in spiler it net mear winne kin
is de partij kamp(elk ien wolf).
De partij is wûn as de tsjinstanner
gjin stikken mear oer hat of fêst stiet. |